De Fochtel
De Fochtel | |
---|---|
![]() | |
gemeente | Eaststellingwerf |
Gritenij | {{{gritenij}}} |
Stimmen | 14 |
Ynwenners (2009) | 428 |
Huzen | {{{huzen}}} |
Koördinaten | 52° 59' NB, 6° 20' EL |
Netnûmer | 0516 |
Postkoade | 8428 |
Webstee | {{{webstee}}} |
De Fochtel is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, east fan Easterwâlde. It doarp hat likernôch 428 ynwenners (1 jannewaris 2009).
Tusken De Fochtel en Feanhuzen leit it Fochtelerfean, in heechfeangebiet fan ûngefear 2500 bunder. It gebiet wurdt beheard troch Natuermonuminten.
Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. De slûs Fochtelerferlaat falt geografysk ek ûnder De Fochtel, hoewol't er allinnich troch in fytspaad mei it doarp ferbûn is.
Kamp Ybenheer en kamp Oranje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
By De Fochtel wie sûnt de jierren tritich fan de 20e iuw in wurkkamp festige yn it ramt fan de wurkferskaffing, it Rykswurkkamp Ybenheer. Yn 1942 waard it in wurkkamp foar manlike Joadske twangarbeiders. Yn de nacht fan 2 op 3 oktober fan dat jier waard it ûntromme. Alle 215 kampbewenners waarden nei kamp Westerbork transportearre en dêrwei nei Auschwitz en Sobibór. Nei de oarloch is it kamp brûkt om Molukse KNYL-militêren en harren húshâldings yn ûnder te bringen.
By it eardere kamp Ybenheer is op 2 oktober 2002 in monumint ûntbleate as neitins oan it kamp. Fan Kamp Oranje bestiet allinnich it eardere appèlplak noch.
Kapel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Fochtel hat in eigen kapel dy't ta de Protestantske Gemeente yn Easterwâlde heart. Allinnich yn de simmermoannen en Earste Krystdei wurde der tsjerketsjinsten hâlden. Mei yngong fan 2008 wurde der gjin tsjinsten mear hâlden.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It hert fan De Fochtel wurdt foarme troch it multyfunksjonele doarpshûs Et Legien. Dêr binne ek de skoalle en de klaaikeamers foar de pleatslike fuotbalklup yn ûnderbrocht. De Aktiviteitekommisje hjit De Korhoenders. Ienris yn de 5 jier is der in doarpsfeest. It kommende doarpsfeest is yn 2011. It doarpsblêd FODOVONI ferskynt tsien kear yn it jier en wurdt ek wol It Blauwe Boekje neamd.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Feriening foar Doarpsbelang is oprjochte yn 1901.
- iisklup Eensgezindheid
- Toanielferiening It wurdt him wol.
- Fuotbalferiening Fochteloo
- Kaartklup It Korhoen.
- * kaartklup It Legien
- damklup Fochteloo
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Feanwei - rint nei it Fochtelerfean. It wie eartiids in sânreed en rûn doe, oars as no, lâns de pleats fan de famylje Bult. Dat is noch te sjen. No makket de wei op in bepaald momint in bocht nei links. Eartiids moast men rjochtsôf en kaam dan sawat út by de pleats fan Berend Jansen.
- Ferlaat - skutslûs.
- Fochtelerfean - nei it east fan De Fochtel lizzende fean.
- Helomawei - Fan Heloma wie in aadlike famylje dy't hjir eigendommen hie. Kaptein Matthijs fan Heloma wie eigener fan ien fan de 14 soalsteden yn Appelskea (wie nr. 10). Fierders wiene der noch (yn 1778) Tjaard en Marcus fan Heloma eigeners fan pleats nr. 2. Net ien fan de fan Heloma's wenne yn Appelskea.
- Mardyk - waard ek wol Maaddyk neamd. It wie de âlde ferbining nei Easterwâlde en rûn oer Fenekoaten.
- Noardein - rint fan it krúspunt nei it noarden.
- Stienekamp - namme fan in kampke dat no in strjitte is.
- Súdein - rint nei it suden. It Noarder- en Súdein waarden eartiids de Meente Drift neamd.
- Vogelrijd - in natuerlike wetterlossing dy't ûntsprong op de feanen, tsjin de Leidyk stuite, dêr ûnder de grûn troch rûn en nei sawat in kertier rinnen fierderop wer foar it ljocht kaam en útrûn op it Grutdjip.
- It West - rint nei it westen.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
![]() | |
---|---|
Haadplak: Easterwâlde | |
Doarpen en útbuorrens: Aldeberkeap • Appelskea • Donkerbroek • Elslo • De Fochtel • De Haule • Haulerwyk • Langedike • Makkingea • Nijeberkeap • Ravenswâld • Waskemar | |
Buorskippen: Aakingea • Alde Willem (foar in part) • Bekhof • Bentemaden • Boekhorst • Boppefjild • Bûteheidefjild • Buttingea • Deddingabuert • Ellebooch • Egypte • Feanebuorren • Feanekoaten • Frankryk • Hegeduerswâld • It Hegesân • Janssenstifting • Kanada • Klazingea • Kninebuert • De Knolle • De Kolannen • Koudenburch • Legeduerswâld • Medhuzen • De Monden (foar in part) • Moskou (foar in part) • Nanninga • Nije Feart • Petersburch (foar in part) • Prandingea • De Riete • Rolpeal • Skottelenburch • Skrappingea • Súdhoarne • Terwisscha • Trije Tolhikken • Tronde • Twitel • De Weper • Weperpolder • Willemstêd |