Waskemar

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Waskemar
Himrik fan  Waskemar
Gemeente Eaststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen {{{stimmen}}}
Ynwenners (2006) 858
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 53° 3' NB, 6° 16' EL
Netnûmer 0516
Postkoade 8434
Webstee {{{webstee}}}


Waskemar is in doarp yn it noarden fan de gemeente Eaststellingwerf, tsjin de grins mei Opsterlân oan. It doarp hat 858 ynwenners (1 jannewaris 2009). It krige yn 1954 de doarpsstatus, dêrfoar hiet it Haulerwyk-Beneden en noch earder Cruijmte (Krompten).

Waskemar wurdt ek neamd as Beneden Hauleerwijk en Grut Waske Meer. De namme is ûntliend oan in heidemarke dat sawat twa kilometer nei it westen leit. It marke hiet de Waskmar. Dêryn waarden skiep wosken.

It doarp foel earder ûnder De Haule. Yn de omkriten waard earder turf stutsen. It fean wie doe besit fan de famyljes Lyclama a Nyeholt, Tjeard fan Aijlva, Livius Dirk fan Andringa en Daniel de Block. De famylje Lycklama à Nijeholt wie in famylje fan grytmannen tusken 1647 en 1862.

Doe’t it yn 1953 de status fan doarp krige, is it neamd nei in poel yn de Duerswâlder Heide, dy’t westlik fan it doarp op it grûngebiet fan Opsterlân leit. Yn 1849 blykt op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff dat der oan beide kanten fan de feart al kilometers lange bebouwing groeid is. De westlike hoeke fan Beneden Haulerwyk is dan noch net ticht beboud.

Ungefear in heale ieu letter kaam der op dizze hoeke in koöperative súvelfabryk ta stân. Wer in lytse ieu letter is it fabryk, dy’t troch konsintraasje yn it suvelbedriuw al stillein wie, ôfbrutsen om romte te meitsjen foar wenningbou.

Súdwestlik fan it doarp binne om 1900 hinne op inisjatyf fan de filantroop Peter Wilhelm Janssen ûntginningsplakken ta stân kommen.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Door Eendracht Sterk, koartwei DES is de feriening foar Doarpsbelang. It doarpshûs hjit ’t Ald Leger en de doarpskrante de Waskemare. Der binne wol 8 buertferienings: Fan brege oan’t bocht, Foar Teake Del, Het Klaverblad, Kruisweg/W. Kroezestrjitte, Mei Inoar Ien, Middenbuert, Roel en Poel en ’t Heideblomke.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

  • Alde Wyk - earste feart yn it doarp en d6ertroch de âldste.
  • Bakkefeansterwei - wei nei Bakkefean
  • Biskopswei - namme komt fan biskopsleger en Biskopswyk. It wienen stikjes grûn om de Breeberchskâns.
  • Breebergweg - Breeberch wie in fersterking út 1593 dy't oanlein waard troch Willem Loadewyk, greve fan Nassau en steedhâlder fan Fryslân.
  • Kompanjonswei -
  • De Fenne - stik lân dat ± 1800 al sa neamd waard.
  • De Kromten - (Ald-Nederlânsk: De Cruijmten) wie de namme fan in feart wêrút de dwersfeart nei Haulerwyk groeven is. It is de âldste namme út de skiednis fan Waskemar op in kaart út 1748.
  • Feikemastrjitte - De hear fFeikema wie earst opsjenner by de Kompanjons, letter waard hy boargemaster fan Eaststellingwerf.
  • J Roelswyk -
  • Janssenstifting - nei P.W. Janssen
  • Krúswei - âlde namme
  • Leidyk - De Leie is in stik ta kultuergrûn oanmakke dalgrûn tusken twa wiken. In Leidyk beskermet kultuergrûn tsjin it troch heechfean rinnende wetter.
  • P.W. Janssenwei - P.W. Janssen wie oprjochter fan de Janssenstifting. Hy hat de winst oan de skippersbern skonken.
  • Skânsdyk - dyk nei de skâns Breeberch.
  • Skânsmarwei -
  • Sint Baronstrjitte - Sint Baron wenne oan de Haadwei oan de feart op de hoeke dêr't dizze strjitte útkaam. DE oanwenjenden moasten l6ans de Bakkfeansterwei. De hear Baron ferliende rjocht fan oerpaad.
  • Van Hasseltwei - Master S. van Hasselt wie yn de Twadde Wrâldoarloch haad fan de iepenbiere legere skoalle en is yn de besettingstiid omkomd yn Dútse finzenskip.
  • Wykwei - wei nei de wyk ta.
  • Wijndelswei - David George Wijndels wie neist de famylje à Nijehlot ien fan de kompanjons dy't ferantwurdlik wienen foar it graven fan de Drachtster Kompanjonsfeart dêr't de Haulerwykster Feart no in ûnderdiel is.
  • Willem Kroezestrjitte - ek de skoalle is nei Willem Kroeze neamd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010