Springe nei ynhâld

Stroffelstien

Ut Wikipedy
Stroffelstien yn Berlin-Charlottenburg
Lannen dêr't stroffelstiennen set binne (tastân novimber 2022)

In stroffelstien (in letterlike oersetting fan it Dútske Stolperstein) is in betonnen kubus fan tsien sintimeter grut mei in messing plaat dêr't de namme en de libbensdatums fan de slachtoffers fan de nazy-ferneatiging of - ferfolging op steane. It is in projekt fan de Dútske keunstner Gunter Demnig (Berlyn, 1947).

Demnig set dizze tinktekens sûnt 1992 yn it trottoir foar de eardere wenhuzen fan minsken dy't troch de nazi's ferdreaun, deportearre, fermoarde of ta selsmoard dreaun binne. Dizze Stolpersteine dogge Joaden, Sinty en Roma, politike finzenen, tsjinstwegerers, homoseksuelen, Jehova's tsjûgen en hendikepten te binnen bringen. Hoe't Demnig oan de namme Stolpersteine kommen is wit er sels net mear, mar hy sitearret mei ynstimming in skoalbern: Man fält nicht über die Stolpersteine, du stolperst mit dem Kopf und dem Herzen ('Jo falle net oer de stroffelstiennen, jo stroffelje mei de holle en it hert').

Gunter Demnig leit in stroffelstien by it eardere Centraal Israëlitisch Weeshuis yn Utert op 8 april 2010

Alle stroffelstiennen waarden lange jierren troch Demnig sels mei de hân makke en pleatst. Fanwegen de ferskuorrend flugge ûntjouwing fan it projekt, lit er him sûnt 2005 stypje troch in freoan, de byldhouwer Michael Friedrichs-Friedländer, dy't de stiennen makket. Demnig set de earste stroffelstien yn in gemeente noch altyd sels. As der dêrnei opnij stroffelstiennen pleatst wurde, kin dat yn oerlis troch de lokale mienskip dien wurde.

Fan juny 2021 ôf wurde ek yn Amsterdam stroffelstiennen makke. Der wie dêr in lange wachtlist ûntstien foar pleatsing. Om dat flugger ferrinne te litten wurde de stiennen net mear allinnich yn Dútslân, mar no ek yn Amsterdam produsearre, by it Goethe-Ynstitút oan de Hearegrêft. Yn novimber 2022 wiene dêr al 2500 Stolpersteine makke. Op 17 desimber 2021 waarden op de lokaasje Amstel 3 de 999e en tûzenste Nederlânske stroffelstiennen lein, as earbetoan oan de antikêr Louis Lamm en syn dochter Ruth Fanny. Yn 2022 leine yn Amsterdam mear as tûzen stroffelstiennen. Yn maaie 2023 waard yn Neurenberch de 100.000ste stroffelstien lein.[1]

Op 25 novimber 2023 lei Günter Demnig de earste Frysktalige stroffelstiennen op de Boargemaster Bothenius Lohmanloane 1 (eartiids de Westsersingel) yn Burgum. Dy binne foar it echtpear Paul Kaufmann en Klara Katharina Kaufmann-Kaufmann, dat ûnderdûkte by de Burgumers Emkje Pietersma-Timmermans en Geert Haayes Pietersma. Paul Kaufmann ferstoar yn 1942 fan kleare ûnwennigens fan syn bern en waard op it hôf by de Krústsjerke begroeven, wylst frou Kaufmann de oarloch op it ûnderdûkersplak oerlibbe. Ek harren bern, dy't earne oars ûnderdûkt sieten, ha de oarloch net oerlibbe.[2][3]

Stroffelstiennen yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: