Lycklama à Nijeholt
Appearance
Lycklama à Nijeholt, ek Lycklama à Nyeholt of Lijcklama à Nijeholt, is de namme fan in aadlik laach dat syn oarsprong yn Fryslân hat.
De famylje bewenne eartiids de stins Friesburg yn Nijeholtpea. Dat plak is ek de werkomst fan it twadde part fan de efternamme. It earste part komt nei alle gedachten fan Lyckle Eables (1458-1538); syn neikommelingen hawwe syn foarnamme opnaam yn de efternamme. It geslacht hat in stik as wat grytmannen levere, benammen yn de gritenijen Weststellingwerf en Eaststellingwerf hawwe sy dy funksje útoefene. Guon foaroansteande steatslju kamen ek út dizze famylje. It geslacht, dat fan âlds diel útmakke fan de Fryske eallju, waard yn 1814 opnaam yn de Nederlânske adel.
Ferneamde famyljeleden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lyckle Eables (1458-1538) - Stamfaar fan de famylje Lycklama à Nijeholt, grytman fan Stellingwerf, Skoatterlân, Weststellingwerf (1517) en erflik grytman fan Weststellingwerf (1524 - 1534).
- Prof. dr. Marcus Lycklama à Nijeholt (1573-1625) - Grytman fan Eaststellingwerf en Weststellingwerf, lid fan de Steaten-Generaal.
- Augustinus Lycklama à Nijeholt (1670-1744) - Lid fan de deputearre steaten fan Fryslân en grytman fan Opsterlân, besitter fan it Lângoed Keningsbergen by Aldeholtpea.
- jhr. Wilco Holdinga Lycklama à Nijeholt (1801-1872) - Lid fan de Twadde Keamer Steaten-Generaal, grytman, dêrnei boargemaster fan Utingeradiel.
- Piter Lycklama à Nijeholt (1842-1913) - Boargemaster fan ûnder oare Ljouwert en Rotterdam, kommissaris fan de Keninginne fan Oerisel.
- Geertje Lycklama à Nijeholt (1938) - Lid fan de Twadde Keamer.