Springe nei ynhâld

Wilco Holdinga Lycklama à Nijeholt

Ut Wikipedy
Wilco Holdinga Lycklema a Nijeholt

Wilco Holdinga Lycklama à Nijeholt, jonkhear Wilco Holdinga, (Ljouwert, 12 febrewaris 1801 - Aldeboarn, 5 septimber 1872) wie luitenant, boargemaster en konservatyf steatelid en lid fan de Twadde Keamer.

Wilco wie de tredde soan fan jhr. T.M. Lycklama à Nijeholt en E.H. thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg. Hy waard luitenant by de lichte dragonders en krige op fersyk yn 1830 ûnstlach út de militêre tsjinst. It wie de bedoeling om syn ferstoarne broer Aug. Georg op te folgjen as grytman fan Utingeradiel. Hy waard op 21 maart 1830 ek beneamd, syn plak wie oardel jier iepenholden. Yn 1831 die er as kapitein fan de skutterij mei oan de Tsiendeiske Fjildtocht. Al op 1 juny 1824 wie hy as militêr, troch de ridderschap fan de gritenij East-Stellingwerf ta lid fan de Fryske Steaten keazen, mar troch it stadichoan reglemintêr ferminderjen fan it tal leden fan 84 op 54 foel hy by de ferkiezing op 1 juny 1827 ynearsten ôf. Op 1 juny 1830 waard hy dochs troch de hiele ridderskip fan Fryslân opnij keazen. Op 3 novimber 1845 waard er lid fan de Twadde Keamer. Hy hearde ta de konservative partij, mar feriene him mei de grûnwetswersjenning, op twa haadstikken nei, dy't er om redenen fan detail ôfstimde.

By de ferkiezings fan de Twadde Keamer ein 1848 waard er lid fan de Steaten fan Fryslân. Op 8 juny 1858 kaam er as konservatyf kandidaat foar it distrikt Snits wer yn de Twadde Keamer. By syn reglemintêre ôftreden yn 1862, doe't Fryslân wer liberaal wurden wie, waard hy by werkeazen, trochdat hy de roomske liberaal Jongstra foar him oer stean hie. Yn 1866 gie er út de Keamer en op 12 juny 1867 naam er ûntslach as boargemaster. Hy wie lange tiid bestjoerslid fan de kontribúsje-Himmelumer Aldefurds seediken.

Wilco boaske op 9 juny 1832 mei Jeanne Henriette van Vloten, (10 desimber 1810 - 27 oktober 1881). It houlik bleau sûnder bern. Sy wennen op Andrigastate yn Aldeboarn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: