Springe nei ynhâld

Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt (1766-1844)

Ut Wikipedy

Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt (Ljouwert, 4 oktober 1766 – dêre, 20 febrewaris 1844) wie in Nederlânske politikus.[1]

Lycklama à Nijeholt, lid fan de famylje Lycklama à Nijeholt, wie in soan fan Augustinus Lycklama à Nijeholt (1742-1789), grytman fan Utingeradiel, en Susanna thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1736-1799). Hy troude mei Elisabeth Helena thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1767-1803) en nei har ferstjerren mei Francina Johanna Blomkolk (1783-1842). Ut it earste houlik kamen sân bern, út it twadde seis. Syn soannen Augustinus Georg (1794-1828), Wilco Holdinga (1801-1872), George Wolfgang Franciscus (1808-1875) en Jan Anne Lycklama à Nijeholt (1809-1891) beklaaiden ferskate poitike funksjes.

Lycklama à Nijeholt wenne op de Andringastate yn Aldeboarn. Hy waard mei yngong fan 20 desimber 1817 ferheft yn de Nederlânske adel, mei it predikaat jonkhear.

Lycklama à Nijeholt studearre fan 1782 ôf oan de Frjentsjerter Akadeemje, mar makke syn stúdzje net ôf. Hy waard grytman fan Eaststellingwerf (1788-1790) en folmacht yn de Steaten fan Fryslân (1789-1795). Hy folge syn ferstoarne heit op as grytman fan Utingeradiel (1790-1795)[2]. Nei de ynfal fan de Frânsken, waarden yn 1795 de grytmannen út harren amt setten.

Hy waard yn 1802 lid fan it departemintaal bestjoer fan Fryslân, drost fan Utingeradiel en Haskerlân (1806-1807). Hy wie kertierdrost (1807-1811) en sous-prefect (1811-1814) yn it arrondissemint It Hearrenfean. Hy waard beneamd ta lid fan de Gearkomst fan Pommeranten (1814) en wie dêrnei lid fan de Steaten-Generaal fan de Nederlannen (1814-1815) en lid van de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal (1815-1831). Boppedat lid (1825-1833) en foarsitter (1833-1844) fan de Ridderskip fan Fryslân. Fan 20 oktober 1835 oant syn ferstjerren wie hy dêrneist lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.parlement.com
  2. Nieuwe Naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795, troch: jhr. mr. H. Baerdt van Sminia, Ljouwert 1837, siden 325-335