Springe nei ynhâld

Tsiendeiske Fjildtocht

Ut Wikipedy
"De Overwinning voor Leuven, op den 12den Augustus 1831", Willem Hendrik Hoogkamer
De Eendracht, monumint op de Dam foar de Tsiendeiske Fjildtocht

De Tsiendeiske Fjildtocht fan 2 oant 12 augustus 1831 wie in fjildtocht fan kening Willem I om de Belgyske Opstân mei wapengeweld del te twingen. Dy opset slagge, ûnder de lieding fan de prins fan Oranje, dy't it frijwat swakke Belgyske leger by Hasselt en Leuven fersloech. Belgje waard dochs soeverein, nei't Frankryk drige hie mei militêre stipe.

In soad (Noard-)Nederlânske protestanten wienen feitlik wol bliid mei de ôfskieding fan Belgje omdat it protestantisme dan de oerhân yn it Heitelân hawwe soe. Dochs wie der ek yn Fryslân rûnom frijwat stipe foar dizze ûndernimming. In protte jonge yntellektuelen, bygelyks Frjentjerter studinten, giene as frijwilliger ûnder de wapens. Yn de Friesche Volksalmanak en it Fryske Jierboeckjen ferskynde gelegenheidspoezij. De oantinkens fan de skuttersoffisier H. Boekhoudt Klaasesz. binne ütjûn.

Kening Willem seach syn dream fan de Feriene Nederlannen yn reek opgean. De Europeske machten hiene troch dizze kampanje lykwols yn de gaten krigen dat Belgje militêr swak wie. Dat hie fan gefolgen dat Nederlân geunstiger út de úteinlike fredesûnderhanneling kaam wat de tawizing fan beskate gebieten oanbelange.

Understeande websiden binne makke troch J. Baas silger út Burgum

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Tiendaagse veldtocht.

  • Nederlânske Wikipedia, Tiendaagse Veldtocht