Geertje Lycklama à Nijeholt
Prof.dr. Geertje Lycklama à Nijeholt (Lollum, 2 april 1938 - De Haach, 18 novimber 2014) wie in Frysk heechlearaar en politika foar de Partij fan de Arbeid.
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei har skoaloplieding yn Boalsert en Snits studearre hja fan 1956 - 1963 sosjology oan de VU yn Amsterdam. Fan 1963 oant 1970 wurke se yn Pakistan yn ferskate ûntwikkelingsprojekten. Sa wurke se oan de Cornell-universiteit, Ithaca (New York) fan 1971 oant 1973. Hja promovearre op 3 desimber 1976 oan Cornell en VU yn de sosjale wittenskippen.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken har stúdzje en har promoasjeûndersyk wurke frou Lycklama à Nijeholt yn Pakistan. Se wurke dêr mei oan ferskate ûndersiken en die sosjaal en edukatyf wurk, benammen rjochte op de ferbettering fan de situaasje fan froulju.
Nei in skoft as eksterne deskundige yn de Emansipaasjekommisje waard Lycklama à Nijeholt koördinator Ynternasjonale Frouljussaken by it Ministearje fan Bûtenlânske saken (1977-1983).
Begjin 1979 waard hja bysûnder heechlearaar emansipaasjekunde en frouljustúdzjes oan de Lânbouhegeskoalle Wageningen. Dêr bleau se oant ein 1983.
Yn it stúdzjejier 1983-'84 waard se heechlearaar "frouljus- en ûntwikkelingsstúdzjes" oan it Institute of Social Studies (ISS) yn De Haach. Hja bleau dêr oant midden 1999; de lêste fjouwer jier as deeltiid heechlearaar. Yn de perioade 1990-'95 wie se rektor fan dat ynstitút wêrnei't se in sabbatical jier as fellow by it NIAS trochbrocht.
Fan 1995 oant 2003 wie Lycklama à Nijeholt lid fan de Partij fan de Arbeid-fraksje yn de Earste Keamer, dêrfan de lêste fjouwer jier as fraksjefoarsitter. Underwerpen dy't har bysûndere omtinken krigen wiene bûtenlânsk belied, ûntwikkelingsgearwurking en heger ûnderwiis.
Op 1 juny 1999 gie hja mei pinsjoen.
Yn har heule karriêre hat Geertsje Lycklama à Nijeholt in soad byfunksjes hân, benammen op it mêd fan (frouljus)ûntwikkeling, bûtenlânsk belied of heger ûnderwiis. Sa wie se ûnder mear ein jierren '70 foarsitter Kommisje Likense Rjochten Manlju en Froulju (Ried fan Europa, Straatsburg), yn de jierren '80 lid fan it bestjoer fan Women’s World Banking (New York), sûnt 1997 lid fan it algemien bestjoer fan it Nederlânsk Ynstitút Ynternasjonale Betrekkings "Clingendael", Fan 2000 ôf lid fan it algemien bestjoer fan de VPRO, ek sûnt 2000 lid fan it "Consultative Committee" fan it "United Nations Development Fund for Women" en sûnt 2005 lid fan de Ried fan tafersjoch fan de Ryksuniversiteit Grins.
Har njonkenfunksjes yn 2010 wiene:
- foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch Transparant, Sintrum foar geastlike Sûnenssoarch, Leien (sûnt 2007),
- lid Ried fan Tafersjoch Ryksuniversiteit Grins (sûnt 2005), en
- foarsitter Stichting Fonds 1818 tot nut van het algemeen yn De Haach (ek sûnt 2005).
Privee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Geertje Lycklama à Nijeholt wie in boeredochter en ek har pakes wienen boer. Har heit wie teffens lid fan de gemeenteried. Geertje Lycklama à Nijeholt troude op 19 april 1963 yn Wytmarsum mei Henk Thomas. Hja krigen in dochter en in soan.
Underskiedings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Inkele fan de soad publikaasjes fan frou Lycklama à Nijeholt:
- Migratory and Nonmigratory Farm Workers on the East Coast of the United States, proefskrift, Frije Universiteit, Amsterdam (1976)
- Feminisme en Wetenschap, Inaugurele rede, Lânbouhegeskoalle Wageningen (1979)
- Kopenhagen: de Tweede VN-Wereldconferentie voor Vrouwen, yn: Internationale Spectator, juny 1980
- Women in Development Cooperation, a Policy Paper, Direktoraat Generaal foar Ynternasjonale gearwurking, Ministearje en Bûtenlânske Saken, 1980
- Vrouwen en Ontwikkeling: de Spanning tussen Integratie en Autonomie, ôfskiedskolleezje Lânbouhegeskoalle Wageningen, 1984
- Women United: a Reflection on Strategies, ISS Public Lecture Series: Beyond the Decade, Women's Studies and the Women's Movement: International Perspectives, De Haach, ISS, 1985
- Women, Development, the State: a Case Study of Concerted Action, paper gepresenteerd op het XI World Congress of Sociology, RC 32, Women in Society, Session 4: Women and Social Policy, New Delhi, Yndia, Augustus 1986
- Trade in Maids: Asian Domestic Servants in Migration Theory and Practice, Working Paper -Sub-series on Women, History and Development: Themes and Issues - No. 10, ISS, De Haach, 1989
- Towards Women's Strategies for the 1990s Challenging Government and the State, redaksje troch G. Lycklama à Nijeholt, London: Macmillan, 1991
- The Trade in Domestic Workers, Causes, Mechanisms and Consequences of International Migration, redaksje troch Noeleen Heyzer, Geertje Lycklama à Nijeholt, Nedra Weerakoon, Londen: Zed Books, septimber 1994
- Women's Movements and Public Policy in Europe, Latin America, and the Caribbean, Geertje Lycklama à Nijeholt, Virginia Vargas en Saskia Wieringa (eds.), New York: Garland Publishing, Inc., 1998
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frysk ûntwikkelingswurker
- Frysk sosjolooch
- Frysk heechlearaar
- Frysk politikus
- Frysk sosjalist
- Frysk feminist
- Nederlânsk ûntwikkelingswurker
- Nederlânsk sosjolooch
- Nederlânsk heechlearaar
- Nederlânsk politikus
- PvdA-politikus
- Earste Keamerlid
- Nederlânsk sosjalist
- Nederlânsk feminist
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Lollum
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Persoan berne yn 1938
- Persoan stoarn yn 2014