Nijeberkeap

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Nijeberkeap
Himrik fan Nijeberkeap
gemeente Eaststellingwerf
Gritenij {{{gritenij}}}
Stimmen 21
Ynwenners (2006) 274
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 57' NB, 6° 11' EL
Netnûmer 0516
Postkoade 8422
Webstee {{{webstee}}}


Klokkestoel Nijeberkeap

Nijeberkeap is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, oan de N351, tusken Aldeberkeap en Makkingea. It is it lytste doarp fan de gemeente mei likernôch 274 ynwenners (1 jannewaris 2009). Yn it register fan Oarkunden, nr. 187 wurdt Ostbrockop neamd as ien fan de hiele rige parochy's om ûntslein te wurden fan de ban dy't oer de Stelllingwerven útsprutsen wie. Yn 1320 wurdt it Ost-Nijeberkoop. It doarp leit oan de râne fan it Nasjonaal Park Drintsk-Fryske Wâld, in grutte toeristelûker.

Lanlike bekendheid krige Nijeberkeap trochdat dat de Stifting Pantera der yn 1993 har poarten iepene as rôfdiere-opfangsintrum. Benammen it brullen fan liuwen hat in soad opskuor jûn yn dit boeredoarp.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it doarp stiet in skoalle dy't net mear brûkt wurdt en in kafee-restaurant.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Abbendyk - âlde namme foar in streekje pleatsen.
  • Alberdaleane - de privee wei eigendom fan mr. Johan Herman Alberda. De wei is yn 1861 oerdroegen oan de gemeente en waard doe iepenbiere wei.
  • Boppewei - in âlde binnenwei dy't in âlde Romeinske hearwei west skynd te hawwen. Binnenwegen wienen meastentiids eigendom fan de oanlizzende eigeners.
  • Egypte - nei de pleats Egypte.
  • Frankryk - komt fan Frankena.
  • Grintwei - is yn de jierren '60 ferhurde mei grint.
  • Oosteregge - namme bestie yn de 14e iuw al en bestsjut Easterein.

Iepenbier ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010