Springe nei ynhâld

Rykswurkkamp Ybenheer

Ut Wikipedy
It Joadsk monumint oan de Veenweg

Rykswurkkamp Ybenheer wie in wurkkamp by De Fochtel oanlein yn it ramt fan de wurkferskaffing. Yn de maitiid fan 1941 wie it kamp klear. Manlju sûnder wurk moasten lânoanmeitsje en jirpelroaie.

Yn 1942 waard it in wurkkamp foar manlike Joadske twangarbeiders. Yn de nacht fan 2 op 3 oktober fan dat jier waard it ûntromme. Alle 215 kampbewenners waarden nei kamp Westerbork transportearre, en dêrwei nei Auschwitz en Sobibor. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden NSB-ers yn it kamp fêstholden en letter waard it kamp brûkt om Molukse KNYL-militêren en harren húshâldings yn ûnder te bringen.

Yn 1966 waard it kamp sletten en ôfbrutsen.[1] De twa mitsele pylders fan it tagongsstek binne der noch. It gebiet is sûnt 1973 eigendom fan Vereniging Natuurmonumenten.[2]

By it eardere kamp Ybenheer, oan de Veenweg, waard op 2 oktober 2002 in monumint ûnthuld as neitins oan de Joadske twangarbeiders fan it kamp. Op it monumint - ûntwurpen troch learlingen fan it Fryslân Kolleezje stiet op in glêzen plaat in tekst fan de dichteresse Jacqueline van der Waals:

Geef mij de moed om onrecht te onderkennen
Ook waar 't door eeuwen van gebruik gewettigd wordt,
De vaste wil aan onrecht nooit te wennen,
Ook waar de macht, het weg te nemen, schort.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: