Rykswurkkamp Ybenheer

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Ybenheer)
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Rykswurkkamp Ybenheer wie yn de tritiger jierren in wurkkamp by De Fochtel yn it ramt fan de wurkferskaffing. Yn 1942 waard dit in wurkkamp foar manlike Joadske twangarbeiders. Yn de nacht fan 2 - op 3 oktober fan dat jier waard it ûntromme. Alle 215 kampbewenners waarden nei kamp Westerbork transportearre, en dêrwei nei Auschwitz en Sobibor. Nei de Twadde Wrâldoarloch is it kamp brûkt om Molukse KNYL-militêren en harren húshâldings yn ûnder te bringen. By it eardere kamp Ybenheer is op 2 oktober 2002 in monumint ûnthuld as neitins oan it kamp.

Op it monumint - ûntwurpen troch learlingen fan it Fryslân Kolleezje stiet op in glêzen plaat in tekst fan de dichteresse Jacqueline van der Waals:

Geef mij de moed om onrecht te onderkennen
Ook waar 't door eeuwen van gebruik gewettigd wordt,
De vaste wil aan onrecht nooit te wennen,
Ook waar de macht, het weg te nemen, schort.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]