Kamp Oranjekanaal

Ut Wikipedy

Kamp Oranjekanaal wie in wurkkamp foar Joaden yn de Twadde Wrâldoarloch.

De measte wurkkampen hiene barakken, mar dit wurkkamp bestie út in skuorre op it lân fan it ierdappelfabryk yn it Drintske plak Oranje. Yn de skuorre wiene keamerkes mei steapelbêden en in kacheltsje. Alle keamerkes hiene in rútsje. De behearder húsmanne boppe de koken.

Yn 1942 waard it kamp bewenne fan 80 Joadske twangarbeiders dy't op it fabryk arbeiden, ierappeldolle moasten en graafwurk dwaan moasten. It waard har tastien om bûten de wurktiden it doarp yn te gean.

Begjin oktober waarden alle Joaden út alle Nederlânske kampen nei Kamp Westerbork deportearre. Fan Kamp Oranjekanaal moasten de arbeiders dêrhinne rinne.

De lege skuorre waard letter troch de Hitlerjugend brûkt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]