Feanskieding
De Feanskieding is in wetter yn de gemeenten It Hearrenfean en De Fryske Marren. De 7,4 km lange feart rint fan de Wolvedyk westlik fan Ousterhaule besuden Aldehaske lâns, troch it Nannewiid nei de eastkant fan It Hearrenfean.
De feart waard eartiids foar turfferfier brûkt. Feanskiedings wiennen grinzen dy't lutsen waarden troch it ûnfergroeven heechfean. It wie nei alle gedachten in greppel, mooglik in dykje. Waard fan belang doe't om 1550 de Fryske feanen op kapitalistyske wize eksploitearre waarden. Op guon plakken foarmet de feanskieding ek de gritenijgrins of de provinsjegrins, lykas De Skieding tusken Surhústerfean en Fryske Peallen.
De namme Feanskieding jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Veenscheiding.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|