Springe nei ynhâld

Ousterhaule

Ut Wikipedy
Ousterhaule
Tsjerke fan Ousterhaule
Tsjerke fan Ousterhaule
Polityk
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 350 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Ferkearsieren A6
Postkoade 8513
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 56' NB, 5° 48'
Komboerd
Komboerd
Himrik fan Ousterhaule (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân
Himrik fan Ousterhaule (grien) yn de eardere gemeente Skarsterlân
Kaart
Ousterhaule (Fryslân)
Ousterhaule

Ousterhaule is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súd fan De Jouwer. It doarp hat 350 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).


De naam ferwiist nei ouwer en hichte ("haule"). It plak hiet foar de oarloch “Oosterhaule”.

Ut it oarspronklike âlde dorp (Alde Ouwer) is it nije stifte, Ouwster-Nijega, en is ek de haule (hichte) fan de Ouwer bewenber makke: Ousterhaule. It foarmet mei Aldeouwer en Ouster-Nijegea it Ouster Trijegea, feitlik in trijelingdoarp. It blykt bygelyks út in mienskiplike basisskoalle "Trijegeaster Honk". Yn 1741 waard hjir troch de ynset fan de aadlike laach Vegelin de Trijegeasterpolder oanlein. De nijbouwyk hjit Wolsmastate.

It doarp hat mei Ouwster-Nijega en Oldeouwer ien feriening foar Pleatslik Belang en ien doarpshûs, De Hichte. Omdat de feriening yn 2010 hûndert jier bestie, en de skoalle 175 jier, waard in jubileumboek útjûn.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1954 1959 1964 1969 1973 2006 2021
197 209 204 195 227 ±300 355
  • Pleatslik Belang Ouster-Trijegeaen
  • Aktiviteiteteam Ouster-Trijegeaen
  • Muzykferiening Excelsior
  • Toanielferiening De Lytse Mienskip
  • Basisskoalle It Trijegeaster Honk

It doarp hat in oarspronklik midsiuwsk tsjerkje, dat yn de 20e iuw ommitsele waard. De grutte houten geveltoer fan de Tsjerke fan Ousterhaule is beklaaid mei lead.

  • Haulstersingel - boskpaad tusken de Haulsterwei en De Wâldfinnen (Hollandiastrjitte).
  • Hearenwei - nei in net mei namme neamde feanbaas dy't de dyk oanlizze liet.
  • J Veldstrawei - Jetze Veldstra (1886-1945) wie in boer yn Ousterhaule. Hy wie in yllegale wurker yn de Twadde Wrâldoarloch dy't yn 1945 stoar yn it strafkamp Neuengamme. Ousterhaule hat sûnt 1950 in stânbyld foar him. De wei rint lâns de klokkestoel.
  • Marwei - dyk nei de Tsjûkemar.
  • Stinsewei - dyk nei de stins fan Wolsma State.
  • Wolsmastate - Wolsma State stie hjir ± 1550 stie. It hie it ienige kanon fan de omlizzende gritenijen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje