Tsjerke fan Ousterhaule

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Ousterhaule
Ynterieur mei oargel

De earste tsjerke fan Ousterhaule waard boud yn de Midsiuwen, grif yn de 15e iuw. Der binne noch kleastermoppen foar brûkt.

Eartiids stiene yn de Ouwster Trijegeaën trije roomske parochys, ien yn Ousterhaule, ien yn Ouwster-Nijega en ien yn Oldeouwer. De Ousterhaulster pastoar Cornelius Poppius waard Lutersk. De Steaten fan Fryslân ferbiede yn 1580 it katolisisme. Geastliken koenen dûmny wurde, óf roomsk bliuwe mei libenslang pensjoen, mar dan mochten se har net mear mei de roomske earetsjinst ynlitte of pastoar bliuwe, mar dan moasten se Fryslân ferlitte. De trije parochys yn de Ouwster Trijegeaën gienen op yn “De Nederlandsch Hervormde Gemeente van Ouwsterhaule c.a”. Der wiene fierstente min dûmny's en it soe noch 23 jier duorje, oant 6 desimber 1603, eardat de earste dûmny beroppen waard.

Nei de Reformaasje kamen de preken dy't folle langer duorren as de roomske mis, dat der moasten banken en stuollen komme. Yn 1725 waard de wei fan Ousterhaule nei De Wite Peal oanlein en waard Ousterhaule nei 1730 de haadtsjerke.

It mei reid en holle pannen dekte dak krige no glêde, platte, blauwe pannen. Boppe-yn de tsjerke kaam in ferwulf sadat de bynten net te sjen wienen. De flier fan liem en grêfstiennen waard doe in houten flier. De stien dêr't yn de roomske tiid it alter stien hie, ferdwûn ek ûnder de houten flier. Op de izeren muorre-ankers stiet it jiertal fan de restauraasje. It klokhûs op de noardeastkant fan de tsjerke waard doe ôfbrutsen omdat der in mei lead beklaaide toer op de tsjerke kaam. Yn 1802 is der in klok yn de toer komd mei it opskrift In het jaar, één duizend zeshonderd twintig en vier heeft Hans Falck van Neurenberg mij gegote.
Omdat de tsjerke der net moai útseach waard de muorre yn 1877 beklaaid mei reade stien en kaam der ek in oargel yn de tsjerke. Yn 1919 waard de klok ferfongen troch in nijenien út Heiligerlee mei as opskrift : "Als mijn moeder sedert 1624 deed, wensch ik na dezen te doen 1919”. Dizze klok is op 30 april 1943 stikkenslein troch de Dútsers en troch it galmgat nei bûten smiten. Yn 1948 liede der wer in nije klok. Yn de 20e iuw wienen der meardere restauraasjes. By dy fan 1976 is “it stek” foar út de tsjerke helle en binne de grêfstienen dy't ûnder de flier leinen foar yn de tsjerke lein. Yn 2001 is de muorre fan reade stientsjes út 1877 wer ôfbrutsen sadat de âlde bûtenmuorre wer te sjen is.