Nasjonaal Iepenbier Ferfiersmuseum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Frysk Iepenbier Ferfier Museum)
Frysk Iepenbier Ferfiermuseum

It Nasjonaal Iepenbier Ferfiersmuseum (Nederlânsk: Nationaal Openbaar Vervoersmuseum, NOV) is in museum oer iepenbier ferfier yn Nederlân oan de J. Veldstarwei yn Ousterhaule. It museum is begjin april 2003 iepene. Der binne in cabriobus út 1957 en hûnderten skaalmodellen te sjen. De earste oanset foarme de samling fan byldmateriaal en foarwerpen út de skiednis fan it busferfier. Dy samling waard opnomd yn wat de VOB, de Vereniging Oldtimer Bussen fan syn kollega's Van der Wal, Ruud Kliphuis, Andries Krist en Rob de Jong al hie. Sa is der in soad ynformaasje te finen oer de trams dy't sûnt 1880 in netwurk foarmen. Der steane ek âlde streekbussen en der is in modelspoarbaan en kaartsjesautomaten en audiofisueel materiaal. It museum draait op frijwilligrers en is allinnich op sneon iepen. Ek is der materiaal út de argiven fan Arriva

Autobussen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nûmer Bedriuw Jier Type Opmerking Ofbyld
891 GVB 1948 (Werkspoor) Trije-asser Ynstruksjewein 891, ferboud ta ienmanswein, dêrnei bewarre as museumtram. Sûnt 12 jannewaris 2013 by it NOV.[1]
4710 NBM 1958 Leyland-Werkspoor "bolramer"
6-137 LTM 1966 Leyland-Den Oudsten "Bolramer"
413 Maarse & Kroon 1966 Leyland Royal Tiger Worldmaster, karosseryRoset
5509 NBM 1971 Leyland-Den Oudsten
114 Enhabo 1975 Volvo-Jonckheere
7087 VAD 1987 Volkswagen LT50 Minibus
002 GVB 2003 Mercedes-Benz Citaro/EvoBus

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tram 891 arriveert in Ouwsterhaule