Blauhúster Dakkapel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Blauhúster Dakkapel yn 4e Cariben Tour 2009 (Sint Marten)
Blauhúster Dakkapel yn Thialf it Hearrenfean

De Blauhúster Dakkapel is in dweilorkest. Yn de santiger jierren wie it moade om aparte wrâldrekords te betinken. Op 24 juny 1972 spile in groep muzikanten op it dak fan âldereintehûs 'Teatskehus' yn Blauhûs 3 oeren en ien kertier oanien. De dakblazers krigen dêrtroch de namme Blauhúster Dakkapel.
Se binne dêrnei sa’n bytsje it hûsorkest by grutte kampioenskippen fan Thialf yn It Hearrenfean wurden. Se drage dan in kile dy’t makke is fan in Fryske flagge, en spylje sûnder bledmuzyk.

Yn 2011 waard bekendmakke dat it dweilorkest yn novimber 2012 nei fjirtich jier ophâldt te bestean. Der komt dan in ludyk feest en in ôfskieds-CD.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • CD Ouwe Jonges Krentebroad (2012)
  • CD Myn sanseferia (2005)
  • CD Gevulde koeken (2003)
  • CD Feest- en Stadionhits (2000)
  • CD Blauhúster Dakkapel (1991)
  • LP De Blauhúster Dakkapel (1981)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • kapel.nl - de offisjele site fan de Blauhúster dakkapel