Dweilorkest

Ut Wikipedy
De Blauhúster Dakkapel yn Sint-Marten

In dweilorkest of dweilband is in muzykkapel besteande út blazers en slachwurkers. De muzyk dy't spile wurdt is almeast karnavalesk, mar yn el tsgefal feestlik. Ek wurdt der troch it úttinjen fan de lanlike karnavalhits, hieltiten mear bekende wrâldhits spile. Yn Nederlân wurde ek ferskate festivals foar en troch dweilorkesten hâlden (saneamde dweildagen of dweilbandfestivals wêrfan't de Bemmelse Dweildei yn Bemmel (Gelderlân) de grutste is.

Oarsprong namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd 'dweil' yn dweilorkesten komt fan de term 'dweilje', yn de sin fan 'doelleas, as wol dronken, op strjitte omswalkje'. Yn Brabân, en yn mindere mjitte Limburch, is (of faker, wie) it wizânsje om by karnaval fan kafee nei kafee te 'dweiljen'. Dat barde ûnder begelieding fan lytse karnavalskapellen dy't foar de muzyk soargen. Sa ûntstienen al gau de termen 'dweilband' en 'dweilorkest'.

In ferkearde ferklearring fan de namme 'dweilorkest' is dat dy te krijen hawwe soene op de dweilskoften by it reedriden, wêryn't de iisbaan troch in dweilmasine fersoarge wurdt, en wêryn't faak in muzykkapel it publyk fermakket. Dat is in typysk foarbyld fan folksetymology; dy ferkearde útlis is benammen algemien yn it noarden fan Nederlân, dêr't de karnavalstradysjes minder bekend binne.

Oare beneamingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Blaaskapel
  • Dweilband
  • Willeband
  • Rinorkest
  • Plesierkapel
  • Boerekapel
  • Feestorkest

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarsprong fan it dweilorkest is nau ferbûn oan dy fan harmonyen en fanfaren. Faak bestienen de dweilbandsjes út leden fan soksoarte pleatslike muzykferiening, en waard allinnich optreden mei karnaval. Ek hjoed-de-dei binne noch in soad leden fan dweilorkesten lid fan soksoarte muzykensemble. Mar mei de eardere gewoante om allinnich mei karnaval op te treden waard yn it midden de jierren santich faak brutsen, en yn Fryslân, dêr't karnaval tradisjoneel net fierd wurdt, binne der "dweilorkesten" dy't by it karnavalsfeest net optrede.

Besetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In dweilorkest hat, oars as bygelyks in fanfare, brassband of harmony-orkest, gjin foarskreaune (ideale) besetting. Guon ynstruminten, lykas trompetten, slachreau en tromboanes wurde yn hast alle orkesten brûkt, wylst dwersfluiten en hoarns, op in inkeld orkest nei, net of komselden foarkomme. Dy lêsten wurde nammers oer it algemien net as echte dweilynstruminten sjoen. Oare gauris sjoene ynstruminten binne de bariton, soesafoan, saksofoan ( alt of tenor) en klarinet.

Oantal orkesten/statistyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nederlandse Plezierkapellen Site hie yn july 2007 in totaal fan 1517 dweilorkesten, wat in trochsneed fan 126 dweilorkesten de provinsje jout. Noard-Brabân hat fierwei de measte orkesten, 814, op gruttee ôfstân folge troch Limburch, mei 236 bands. De provinsje mei de minste dweilorkesten is Flevolân, mei ien inkeld orkest.

Provinsje Fryslân Grinslân Drinte Oerisel Gelderlân Noard-Hollân Súd-Hollân Flevolân Utert Noard-Brabân Limburch Seelân
Ynwenners 643.000 574.000 482.000 1.106.000 1.967.000 2.587.000 3.452.000 360.000 1.162.000 2.407.000 1.139.000 379.000
Dweilorkesten 13 10 94 96 127 45 96 1 39 814 236 33
% Dweilorkesten 0,9% 0,7% 6,2% 6,3% 8,4% 2,9% 6,3% <0,1% 2,6% 53,7% 15,6% 2,2%
Oantal dweilorkesten de 100.000 ynwenners 2,0 1,7 19,5 8,7 6,5 1,7 2,8 0,3 3,4 33,8 20,7 8,7

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ut in rige polls/ûndersiken fan de Nederlandse Plezierkapellen Site nei it byld fan bepaalde ynstrumintgroepen yn dweilorkesten kaam ûnder mear it folgjende nei foaren:

  • De bassisten en trombonisten drinke neffens sizzen de emaste standertglêzen alkohol.
  • Yn in soad gefallen is de muzikaal lieder in trompettist, folge troch saksofonisten en trombonisten. It oantal muzikaal lieders ûnder slagwurkers wie mar lyts, as ferklearring waard jûn dat in soad slachwurkers gjin muzyknoaten lêze kinne, dan wol ûnbekend binne mei toanhichtes wat it skriuwen en 'dirigearen' fan muzykstikken lestiger makket.
  • In soad orkesten sjogge harren bassist en grutte tromme as it gesicht fan it orkest, op de foet folge troch it slachreau yn it algemien.
  • De tromboane wurdt as it dweilynstrumint by útstek sjoen, dêrnei komt de trompet.
  • Mear manlju as froulju spylje yn dweilorkesten.
  • Hast alle bassisten en trombonisten binne manlju, de measte houtblazers binne froulju, it koperynstrumint dêr't relatyf de measte froulju op spylje is de bariton/eufoanium, folge troch de trompet.

Fryske dweilorkesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dweilorkest fan Wikimedia Commons.