Springe nei ynhâld

Fûgels (toanielstik)

Ut Wikipedy
Fûgels
algemiene gegevens
oarspr. titel Ὄρνιθες
auteur Aristofanes
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 414 f.Kr.
1e opfiering 414 f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Fûgels
publikaasje 199?, Aldemardum
útjouwer eigen behear
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. gjint

Fûgels, yn it oarspronklike Aldgryksk: Ὄρνιθες, Ornithes, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aristofanes446386 f.Kr.). It is in komeedzje dy't fertelt hoe't in pear liddichgongers de fûgels oerhelje om it plak fan 'e goaden yn te nimmen. It is it langste fan 'e alve oerlevere toanielstikken fan Aristofanes en it datearret fan 414 f.Kr., doe't it opfierd waard as ûnderdiel fan 'e jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus en dêrby de twadde priis behelle. It stik waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.

Fûgels iepenet as in pear manlju yn har middeljierren troch de wyldernis stommelje, laat troch in nuete krie en in nuete ka. Se hawwe der har nocht fan om yn Atene te wenjen, dêr't de lju de hiele dei neat oars dogge as oer wetten redendiele. Se binne op 'e siik nei Teréus, in kening dy't lang lyn feroare is yn in hûpe (of hoppe), want se miene dat hy harren helpe kin om earne oars in better libben te finen. Op dat stuit springt der in grutte en gemien útsjende fûgel te foarskyn út in kamûflearre nêst, dy't witte wol wat dat hjir moat. De beide mannen witte de fûgel, dy't de tsjinner fan 'e hûpe blykt te wêzen, derfan te oertsjûgjen dat se gjin kwea yn 't sin hawwe. Dêrop hellet er de hûpe derby, dy't syn aparte, suver keale uterlik ferklearret troch út te lizzen dat er oan it ferfearjen is.

Wylst se mei de hûpe oan it praten binne, kriget ien fan 'e Ateners in lumineus idee: de fûgels moatte ophâlde mei dat hinne-en-wer-gefljoch en ynstee in stêd yn 'e loft bouwe, sadat se de baas spylje kinne oer de minsken. Boppedat soe it harren by steat stelle om 'e goaden, op 'e Olympus, krekt sa te belegerjen en út te hongerjen sa't de Ateners koartby mei it opstannige eilân Melos dien hawwe. De hûpe fynt it in skoander idee, en wol wol helpe om it te ferwêzentlikjen, op it betingst dat de beide manlju de rest fan 'e fûgels oerhelje kinne om deroan mei te dwaan. Hy docht in berop op syn frou, de nachtegeal, dy't dêrop mei har prachtich gesang alle fûgels ropt. Ien foar ien arrivearje dy en wurde se by namme neamd, oant se mei-inoar it koar foarmje.

As de fûgels de beide manlju opmerke, wurde se kjel en reitsje se alhiel op ien ein, want de minksheid is al lang de grutste fijân fan it fûgelt. Der folget in skermutseling, wêrby't de Ateners harren mei itensark dat se by it nêst fan 'e hûpe fine ferdigenje tsjin skerpe snabels. Uteinlik wit de hûpe it spul del te bêdzjen en krije de mannen de kâns om harren plan út 'e doeken te dwaan. De slûchslimste fan 'e beide, dy't himsels Pistetairos ("Trouwefreon") neamt en syn maat foarstelt as Euelpides ("Goedehoop"), sprekt de fûgels dan ta en makket harren wiis dat sy de oarspronklike goaden wiene. Hy fiteret har oan om 'e posysje dy't harren fan rjochten ta komt, wer yn te nimmen. De fûgels meie soks graach hearre en freegje de beide manlju om harren te lieden yn 'e oarloch tsjin 'e Olympyske goaden. Pistetairos en Euelpides stimme dêrmei yn en lûke har werom yn it nêst fan 'e hûpe om in magyske woartel yn te nimmen dy't harren feroarje moat yn fûgels.

Ruter en fûgels op in Lakoanyske kalyks út omtrint 540 f.Kr.

Wylst se fuort binne, komt de tsjeppe nachtegeal foar 't ljocht, dy't de fûgels fan it koar liedt yn in sang dy't in beheinde stambeam fan 'e goaden jout. Dêrby wurdt útholden dat de fûgels de bern binne fan Earos en de bernsbern fan 'e Nacht en Earebus. Ut dy geneälogy soe blike dat harren oanspraak op it goadedom âlder is as dy fan 'e Olympiërs. Ek wurde it publyk guon fan 'e foardielen yn 't sin brocht dy't de minsken fan fûgels ûnderfine, lykas in warskôging foarôf dat it winter of simmer wurdt. It publyk wurdt útnûge him by de fûgels te jaan, mei't fûgels sûnder beswier dingen dogge dy't minsken net heal doare, lykas harren eigen heit in wan bruien jaan of it mei de frou fan in oar hâlde.

As Pistetairos en Euelpides wer foar 't ljocht komme, moatte se gnize om harren mar heal slagge transformaasje. Nei der wat op ompraat te hawwen, neame se de stêd yn 'e loft Wolkenskoekoeklân. Pistetairos oarderet syn maat om tafersjoch te hâlden op it oanlizzen fan 'e stedsmuorren, wylst er sels lieding jout oan in earetsjinst oan 'e fûgels yn har hoedanichheid fan 'e nije goaden. Under de earetsjinst wurdt er aloan en mar wer lestich fallen troch ûnwolkomme besikers, mei dêrûnder in rimelder dy't yn 'e nije stêd de posysje fan stedsdichter begearet; in orakelsutelder mei prosfesijen te keap; de ferneamde lânmjitter Meton dy't in stedsplattegrûn oanbiedt; in ryksynspekteur út Atene dy't der wat foar himsels útslaan wol; en in statuteferkeaper dy't in espel wetten besiket te sliten dy't oarspronklik foar in hiele oare stêd skreaun binne. Pistetairos jaget al dy ynkringers ien foar ien fuort en giet dan wer nei binnen ta om syn earetsjinst ôf te meitsjen. Underwilens stelle de fûgels fan it koar eigen wetten foar, lykas in ferbod op it fangen, finzen hâlden, opfoljen en opiten fan fûgels. Se warskôgje it publyk dat dat mar better dit toanielstik yn 'e toanielwedstryd it earste plak tapartsje kin as it net ûnderskiten wurde wol.

Pistetairos komt wer op om in boadskipper te moetsjen dy't rapportearret dat troch de gearwurking fan alderhanne soarten fûgels de stedsmuorren al steane. Dan komt der in twadde boadskipper oan mei it nijs dat ien fan 'e Olympyske goaden troch de ferdigening hinne glûpt is. Der wurdt in driuwjacht organisearre, en úteinlik wurdt de goadinne Iris finzen nommen. Nei't Pistetairos har ûnderfrege en misledige hat, mei se weromkeare nei har heit Seus om har oer har behanneling te bekleien. Se is noch mar kwealk ôfset of in trêde boadskipper bringt it nijs dat myriaden minsken har no by de nije stêd yn 'e loft oanslute wolle. Sa't dus al oankundige is, arrivearret der in nij espel ûnwolkomme lju, wêrûnder in opstannige jongfeint dy't derfan dreamt om syn heit op 'e bealch te jaan; de ferneamde dichter Kinesias, dy't wartaal útslacht as syn dichterlikheid him oermânsk wurdt; en in plysjeferklikker dy't alhiel yn hegere sfearen rekket by de gedachte om op wjukken slachtoffers te ferfolgjen. It hiele soadsje wurdt troch Pistetairos ôfpoeiere.

In hûpe.

In folgjende besiker is de titaan Prometeüs, dy't him ûnder in parasol ferskûlet om't er in fijân fan Seus is en mient dat er sa út 'e himel wei net sjoen wurde kin. Hy is inkeld kommen om Pistetairos goede rie te jaan: de Olympyske goaden komme suver om fan 'e honger no't de offerjeften fan 'e minsken harren net mear berikke. Se wolle wol graach omlyk, mar Pistetairos moat net mei harren ûnderhannelje oant Seus ree is om sawol syn skepter as syn mêtresse Soevereiniteit, dy't by Seus thús de broek oan hat, oer te langjen. Prometeüs is noch mar krekt fuort of der arrivearret in delegaasje fan 'e Olympus, dy't út namme fan Seus ûnderhannelje wol. De delegaasje bestiet út Seus syn broer Poseidon, de sûgige geweldner Hêraklês en de noch dommere barbaarske god fan 'e Triballiërs. Pistetairos kin Hêraklês mei wurden maklik oer, en Hêraklês leit de barbaarske god syn wil op, dat Poseidon komt allinnich te stean. De delegaasje akseptearret al Pistetairos syn betingsten. Hy wurdt ta kening útroppen troch in himelske heraut, en kriget fan 'e wûnderkreaze Soevereiniteit de skepter fan Seus oerlange. De feestlike kliber set ôf ûnder it sjongen fan in brulloftsliet.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Ornithes waard nei gedachten yn 'e njoggentiger jierren makke troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter ek ferantwurdlik wie foar de Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee en fan alle sân oerlevere trageedzjes fan Sofoklês. Yn it digitaal argyf fan Tresoar binne trije ferwizings nei dit stik opnommen. De earste kears giet it om Hoppe Syn Sang ta de Nachtegeal, in fragmint út Fûgels, dat yn 1999 troch Bruinsma presint dien waard oan Harm van Zuiden, de winner fan 'e Kulturele Priis fan dat jier. Dan is der in oar fragmint, besteande út 7 siden, mei as titel Koaren út Aristófanes Syn "Fûgels", dêr't gjin jiertal by neamd wurdt, inkeld dat it út 'e tweintichste iuw is. En ta einsluten is der dan noch it hiele toanielstik Fûgels, besteande út 52 siden, wêrby't ek wer inkeld neamd wurdt dat it út 'e tweintichste iuw is. Beide ûndatearre stikken sille foar 't neist út it begjin fan 'e njoggentiger jierren (of mooglik út 'e jierren tachtich) wêze, mei't de oersetting Fûgels ek al neamd wurdt yn in artikel yn 'e Ljouwerter Krante út 1991.[1] Fûgels is op te freegjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. 086.303.6.7.2.

Yn in fraachpetear mei Abe de Vries, ta gelegenheid fan it ferskinen fan 'e Fryske Ilias en Odyssee, yn 2004, fertelde Bruinsma dat er Fûgels Aristofanes syn "moaiste stik [fûn]. Tige ferheven sangen en tagelyk de meast platte moppen! Ik haw it in kear oanbean oan Jorwert, it iepenloftspul. Woenen se net ha. Ik hie Simy Sevenster om in moderne bewurking frege, dy't sy ek makke hat. Mar ik haw noch altyd hoop dat Aristófanes yn it Frysk nochris op 'e planken komt."[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske.
  2. Vries, Abe de, It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk.

Boarnen

  • Aristofanes, Hoppe Syn Sang ta de Nachtegeal yn Aristófanes Syn "Fûgels" (oers. Klaas Bruinsma), Aldemardum, 1999 (presint foar Harm van Zuiden, winner fan 'e Kulturele Priis 1999), Tresoar oanfraachnû. Knipselmap Bruinsma, Klaas.
  • Aristofanes, Koaren út Aristófanes Syn "Fûgels" (oers. Klaas Bruinsma), Aldemardum, 199?, Tresoar oanfraachnû. 081.174.
  • Aristofanes, Fûgels (oers. Klaas Bruinsma), Aldemardum, 199? (eigen behear), Tresoar oanfraachnû. 086.303.6.7.2.
  • Kroes, Jan, Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske, yn: de Ljouwerter Krante, 13 sept. 1991.
  • Vries, Abe de, It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk, 2004: (fraachpetear).

Foar fierdere boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.