Elkenien

Ut Wikipedy
Elkenien
De Fryske oersetting fan Elckerlijc (yn ien bân mei de oersetting fan Mariken van Nieumeghen).
De Fryske oersetting fan Elckerlijc (yn ien bân mei de oersetting fan Mariken van Nieumeghen).
algemiene gegevens
oarspr. titel Elckerlijc
auteur anonimus
taal Midnederlânsk
foarm toanielstik
sjenre moraliteit
1e publikaasje 1494, Delft
oarspr. útjwr. Christiaen Snellaert
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Elkenien
publikaasje 2009, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. 978-9 08 95 40 829

Elkenien, yn it oarspronklike Midnederlânsk Elckerlijc (folút: Den Spyeghel der Salicheyt van Elckerlijc - Hoe dat elckerlijc mensche wert ghedaecht Gode rekeninghe te doen), is in sinnespul of moraliteit út 'e fyftjinde iuw. It is net bekend wa't de skriuwer is. It ferskynde foar it earst yn 1495 te Delft by útjouwer Christiaen Snellaert. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 2009.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De beide âldst bekende printingen fan Elckerlijc, út 1495 en 1501, binne beide ûnfolslein; pas de trêde oerlevere printinge, fan 'e Antwerpske útjouwer Willem Vorsterman, fan omtrint 1525, is yn syn gehiel bewarre bleaun. Der bestiet ek in hanskrift fan 'e ein fan 'e sechstjinde iuw mei in by de tiid brochte foarm fan it ferhaal, dy't nei alle gedachten weromgiet op in ferlern giene eardere ferzje. De earste modern printinge waard yn 1892 fersoarge troch H. Logeman.

It bestean fan in ier sechstjinde-iuwske oersetting yn it Ingelsk, mei as titel Everyman, hat yn taalkundige fermiddens lang foar opskuor soarge. Desennialang tsierden Nederlânske en Britske taalskiedkundigen oer hokker ferzje oft no eins it orizjineel wie. Uteinlik waard it bewiis dat Elckerlijc dat wie, levere troch de Ingelske histoarikus E.R. Tigg, dy't oantoande hoe'n grut part fan it Nederlânsktalige rym oft wol net streekrjocht kopiëarre is nei it Ingelsk ta.

Hoewol't de identiteit fan 'e skriuwer ûnbekend is, wurdt tocht oan Peter fan Dyst (1454-1507) of oan 'e kartuzer Petrus Dorlandus (1451-1507), de fikarus fan it kleaster te Zelem, by Dyst. Yn 2004 hold saakkundige Herman Brinkman út dat it wurk fan 'e hân fan 'e Antwerpske rederiker Jan Casus wêze moast.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

God beklaget him oer de ferdoarnens fan 'e minsken en ropt de Dea by Him. Dy stjoert Er derop út om Elkenien (de namme wol dus as wink jaan dat soks elkenien oerkomme kin) foar Him te bringen om rekkenskip ôf te lizzen oer syn libben. Elkenien besiket om 'e nocht de Dea om te keapjen. De iennichste temjittekomming dy't er loskrije kin, is dat er immen meinimme mei om him op syn "pylgerstocht" te beselskipjen.

Elkenien freget dêrop ferskate lju om mei te gean, mar noch Goefreon (freonen), noch Broer en Neef (famylje), noch Besit (syn besittings) kin er dêrta oerhelje as se útfine wêr't de reize hinne giet. En Deugd, dy't wol meiwolle soe, is dêr te swak foar. Dy syn suster, Berou, nimt Elkenien mei nei Bycht; Elkenien docht boete en dat helpt Deugd der wer boppe-op.

Beselskippe fan Deugd, Berou, Kreazens, Krêft, Wiisheid en Ferstân set Elkenien dan úteinlik mei de Dea ôf. Hy testamintet en ûntfangt de lêste sakreminten. Op 'e bestimming fan 'e reis, it iepen grêf, litte al syn begelieders Elkenien lykwols ek yn 'e steek, oant allinnich Deugd en Berou oer binne. Mei harren fart Elkenien op nei de himel. De moraal, ferwurde yn 'e epilooch, is dat minsken suver foar God ferskine moatte.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Elckerlijc ferskynde yn 2009 ûnder de titel Elkenien by Utjouwerij Elikser te Ljouwert, yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân, en mei stipe fan 'e provinsje Fryslân. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, dy't tegearre mei Eric Hoekstra ek ferantwurdlik is foar de ynformative ynlieding. Elkenien waard yn ien bân útjûn mei de oersetting fan in oare Midnederlânske tekst, Mariken van Nieumeghen (Marike fan Nijmegen).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Anonimus, Marike fan Nijmegen / Elkenien, Ljouwert, 2009 (Utjouwerij Elikser y.g.m. de St. Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN 978-9 08 95 40 829.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Sources en Further reading, op dizze side.