Springe nei ynhâld

Jean-Paul Sartre

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jean Paul Sartre)
Jean-Paul Sartre
skriuwer
Jean-Paul Sartre (om 1967)
Jean-Paul Sartre (om 1967)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jean-Paul Charles Aymard Sartre
nasjonaliteit Frânsk
berne 21 juny 1905
berteplak Parys
stoarn 15 april 1980
stjerplak Parys
wurk
taal Frânsk
Simone de Beauvoir en Jean-Paul Sartre yn Peking, 1955

Jean-Paul Charles Aymard Sartre (Parys, 21 juny 1905 - dêre, 15 april 1980) Frânsk filosoof en skriuwer. Oan him wurdt de ûntjouwing fan it eksistinsjalisme taskreaun.

Sartre waard berne yn Parys op 21 juny 1905. Hy folge middelber ûnderwiis oan it Henri IV Lyceum yn Parys, dêr't er kunde krige oan Paul Nizan. Fan 1922 oant 1924 die er tariedend ûnderwiis foar it Louis-le-Grand lyseum. Yn 1924 waard er talitten op de École normale supérieure. Dêr moette er Simone de Beauvoir, dêr't er syn libben mei diele soe. Yn 1929 waard er talitten ta de stúdzje filosofy. Professor soe Sartre nea wurde. Hy publisearre filosofyske essays en ûntwikkele him as foaroanman fan it doedestiidse Frânske eksistinsjalisme. Yn dy tiid makke hy namme troch syn romans (La nausée, 1938), novelles (Le mur,1939) en teaterstikken (Les mouches, 1943). Hy wûn dêrmei in grut publyk foar syn ydeeën. Syn yntellektueel ymago koe er handich brûke by it ynnimmen fan stânpunten yn polityke kwestjes.

Yn 1964 waard him de Nobelpriis foar de Literatuer takend, mar hy wegere dy oan te nimmen.

Hy ferstoar op 15 april 1980 yn Braussais. By syn begraffenis wiene sa'n 50.000 minsken oanwêzich.

  • "L'existence précède l'essence." ("It bestean giet oan it wêzen (dêrfan) ôf") (Ut L'existentialisme est un humanisme)
  • "L'homme est condamné à être libre." ("De minske is keard ta frij wêze") (Ut L'existentialisme est un humanisme)
  • "Jamais nous n'avons été aussi libres que sous l'occupation allemande." ("Wy hawwe nea frijer west as ûnder de Dútske besetting") (Ut Situations, III)
  • "L'enfer, c'est les autres." ("De hel, dat binne de oaren") (Ut Huis-clos)
  • "L'intellectuel est quelqu'un qui se mêle de ce qui ne le regarde pas." ("De yntellektueel is immen dy't him drok makket oer eat dat him net oangiet") (Ut Plaidoyer pour les intellectuels)
  • "Quand les riches se font la guerre, ce sont les pauvres qui meurent." ("At de riken oarlochfiere, binne it de earmelju dy't stjerre")
  • "L'être de la conscience est un être, pour lequel il est dans son être question de son être. ("It bewustwêzen is in wêzen, dy't er is yn syn wêzensfraach nei syn wêzen") - L'être et le néant -.