Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel
algemiene ynformaasje
ôfkoarting St.U.F.T.
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type org. stifting
wurkmêd útjaan fan Frysktalich toaniel
haadkertier Ljouwert (Fryslân)
oprjochte ±1955
offisjele webside
www.stuft.nl

De Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel (St.U.F.T.) is in al sûnt de fyftiger jierren besteande frijwilligersorganisaasje dy't him taleit op 'e publikaasje fan Frysktalich toaniel ta stipe en stimulaasje fan 'e ûnderskate amateurtoanielferienings yn Fryslân. De St.U.F.T. besiket om elts jier 22 ferskillende toanielstikken yn it Frysk út te jaan, û.m. troch it skriuwen fan oarspronklike Fryske stikken oan te fiterjen, stikken út 'e wrâldliteratuer oersette te litten en oanbeane stikken neisjen te litten op geef Frysk.

De St.U.F.T. is fêstige yn Ljouwert, wurket nau gear mei de Afûk, en hat in toanielkatalogus dy't minsken fia har webside (sjoch ûnder it kopke "keppelings om utens") rieplachtsje kinne. Ek is it mooglik om toanielstikken op sicht te krijen. It wurk fan 'e St.U.F.T. wurdt mei mooglik makke troch finansjele stipe fan 'e Provinsje Fryslân.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: