Springe nei ynhâld

Jan Popkema

Ut Wikipedy
Jan Popkema
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJan Popkema
nasjonaliteit Nederlânsk
berne1949
berteplakFryslân
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amtlearaar
aktyf asoersetter
bekendste
  wurk(en)
It Parfum
prizendr. Obe Postmapriis 2020

Jan Popkema (yn Fryslân, 1949) is in Frysk learaar, oersetter en publisist.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Popkema is in learaar Nederlânsk en Frysk, dy't yn it ferline û.m. lesjûn hat oan 'e learare-oplieding yn Ljouwert. Ek wied er aktyf as publisist fan Fryske learmiddels en as oersetter fan literêr wurk fan bgl. Gysbert Japiks.

Yn 2018 sette Popkema foar Utjouwerij Regaad de Dútske roman Das Parfum fan skriuwer Patrick Süskind oer nei it Frysk. It boek ferskynde dêrnei as It Parfum. Yn 2020 wûn er dêrfoar de dr. Obe Postmapriis foar oersettings nei it Frysk út 'e perioade 2016-2019.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ——, Obe Postmaprijs voor vertaler "It Parfum", yn: de Ljouwerter Krante, 15 oktober 2020, s.34.