Springe nei ynhâld

De Seeman (Aldingelsk gedicht)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan The Seafarer)
De Seeman
algemiene gegevens
oarspr. titel The Seafarer
auteur anonimus
taal Aldingelsk
foarm poëzij
sjenre treurdicht / leardicht
skreaun 960-990
bondel Exeter Book
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Seeman
publikaasje 1990, Meppel
útjouwer Bekker & Veltman
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. ?

De Seeman, yn it oarspronklike Aldingelsk: The Seafarer, is in anonym Midsiuwsk gedicht dat oerlevere is yn it Exeter Book, ien fan fjouwer bewarre bleaune manuskripten fan Angelsaksyske poëzij. It bestiet út 124 fersregels, folge troch it wurd "Amen". Lykas dat by de measte Midsiuwske literatuer it gefal is, sprekt der in dúdlik kristlik boadskip út. Boppedat is it sterk didaktysk fan karakter. It is ûndúdlik hokker datearring oft oan The Seafarer takend wurde kin, mei't it foar syn opname yn it Exeter Book al wol in pear iuwen bestien hawwe kinne soe, mar it Exeter Book sels datearret yn elts gefal út 'e tsiende iuw, út 'e perioade tusken 960 en 990. De Fryske oersetting fan The Seafarer, fan Klaas Bruinsma, waard publisearre yn 1986.

Foarhinne waard The Seafarer frijwol unanym beskôge as in treurdicht, in foarm fan poëzij dy't it ferlies fan it ien of oar berouwet, mar tsjintwurdich binne der hieltyd mear taalhistoarisy dy't hawwe wolle dat it eins ta de wysheidsliteratuer heart. Dat is in literêre kategory dy't yn haadsaak út siswizen en útspraken bestiet, en wêrmei't ornaris ferwiisd wurdt nei bibelboeken as Spreuken en Preker en deuterokanike teksten as Jezus Sirach en de Wysheid fan Salomo. Yn dit ljocht besjoen kin The Seafarer beskôge wurde as in leardicht, dat de ellindige omstannichheden fan 'e seefeart by 't winter as byldspraak brûkt foar de swierrichheden dy't de minske ûnderfynt as er in from libben as kristen besiket te lieden.

The Seafarer wurdt ferteld yn it ik-perspektyf fan it eachpunt út fan in âlde seeman, dy't oantinzen ophellet en op syn libben weromsjocht. Yn regels 1-33a wurde de treasteleaze ûntbearings fan it libben op 'e winterske see beskreaun. De kwetsberens, de kâlde wietens en de iensumens fan in seereis yn dy tiid fan it jier wurdt ôfset tsjin it libben oan 'e fêste wâl, dêr't men yn feiligens en omjûn troch jins famylje te gast gean kin oan iten en wyn. Stadichwei begjint dat it klimaat op it lân dat fan 'e winterske see te belykjen, oant de seeman yn regels 33b-66a op in hiel oare toan oergiet nei in omskriuwing fan it langstme dat er, nettsjinsteande alles, noch nei de see fielt. Geandewei ferskowe de seizoenen fan 'e winter fia de maityd nei de simmer.

De wylde see.

By regel 66b is der wer in oergong, diskear fan ûnderwerp. De see wurdt no net mear neamd; ynstee ferkundiget de seeman no hokker paad oft men gean moat om 'e himel te berikken. Hy hâldt út dat gelokkigens op 'e ierde net oanduorje sil, en dat men net inkeld mei wurden mar ek mei dieden de duvel tsjinkeare moat. Ek seit er dat ierdske rykdom net meinommen wurde kin nei it hjirneimels en dat dy dus eins sûnder wearde is. De himel berikt men troch in goed en earfol libben te lieden. Hoewol't it gedicht soms in nearzige toan hat, bliuwt hope altyd bestean. Dy hope is op in ivich libben yn 'e himel. It gedicht einiget mei in tanksizzing oan God, dy't "ús koestere hat" mei in leafde dy't "oant yn ivichheid" bestean bliuwe sil (r. 124).

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan The Seafarer ferskynde yn 1986 yn it tydskrift HJIR ûnder de titel De Seeman. De fertaling wie fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammentlik bekend wurden is troch syn lettere ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee. Ut gegevens út it digitaal argyf fan Tresoar docht trouwens bliken dat er al yn 1983 dien wurk makke hie mei De Seeman (in kopy fan 'e oarspronklike oersetting is yn te sjen ûnder oanfraachnûmer 7498 fr.). Yn 1990 is Bruinsma syn fertaling, mei in taljochting, útjûn as in boekje fan tweintich siden, by útjouwerij Bekker & Veltman te Meppel.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Anonimus, De Seeman, yn: HJIR, 1986, ôfl. 4, s. 23 e.f.
  • Bruinsma, Klaas, Ynlieding ta "De Seeman", yn: HJIR, 1986, ôfl. 4, s. 16-22.
  • Anonimus, De Seeman (oers. Klaas Bruinsma), Meppel, 1990 (Bekker & Veltman), ISBN ?

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.