Jezus Sirach
Jezus Sirach | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | יהושע בן סירעכ ("Yěhošua ben Siraḵ") | |
auteur | Jozua ben Sirach | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | wiisheid | |
skreaun | 2e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Apokrife taheakken oan it A.T. | |
● foarich diel | Tobit | |
● folgjend diel | Barûch | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Jezus Sirach | |
publikaasje | 1978, Haarlim/Bokstel | |
útjouwer | NBG & KBS | |
oersetter | H.J. Brouwer | |
ISBN oers. | 9 06 12 60 817 |
Jezus Sirach, yn it Hebriuwsk: יהושע בן סירעכ, Yěhošua ben Siraḵ, ek wol bekend as de Wysheid fan Jezus Sirach, is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach, al wurdt der yn 'e Talmoed gauris nei ferwiisd. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt Jezus Sirach troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as fjirde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.
De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet Jezus Sirach wol deeglik ta de kanon. Yn roomske bibels makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it mei de Wysheid fan Salomo, in oar deuterokanonyk boek, op it Heechliet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).
Jezus Sirach is in boek fan dichterlike wiisheid, dat yn it earste fearn fan 'e twadde iuw f.Kr. te Jeruzalim skreaun waard troch de Joadske klerk Jozua ben Sirach. De oarspronklike tekst wie frijwol wis yn it Hebriuwsk steld, mar is net bewarre bleaun. Wol binne der ferskate lettere Hebriuwsktalige ferzjes oerlevere. Neitiid waard it oerset yn it Gryksk troch de pakesizzer fan 'e skriuwer, dy't teffens in prolooch tafoege dêr't er yn fernijt dat er yn 132 f.Kr. nei Egypte ta ferfearn is.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It boek Jezus Sirach is in samling etyske wiisheden dy't tapasber binne op alle fasetten fan it deistich libben en foar alle soarten lju: âldelju en bern, manlju en froulju, de jongerein, de riken en de earmen. Foar in grut part giet it dêrby om regels fan manearlikens en hoflikens, wylst in noch grutter part rie jout oangeande de plichten dy't in minske foar himsels, oaren en de maatskippij yn it algemien oer hat. Spesifyk wurdt dêrby yngien op 'e plichten foar de earmen en foar God oer.
Yn ben Sirach syn eagen is wiisheid as sadanich synonym mei godsfrezendheid. Syn útspraken binne fêstlein yn sekuere formulearrings en yllústrearre mei treffende byldspraak. Der sprekt in djip begryp út fan it minsklik hert en hoe't men desyllúzjonearre reitsje kin troch de opienheaping fan deistige ûnderfinings, en in tigen sympaty mei de earmen en de ferdrukten, mar tagelyk ek in ûnoerkomber wantrouwen foar froulju oer. Altemets makket ben Sirach sydsprongen om religieuze tinkbylden te bestriden dy't er gefaarlik fynt, lykas it leauwe dat de minske gjin frije wil hawwe soe om't alles yn 't foar al fêstleit (de predestinaasjelear), of dat God ûnferskillich is ûnder de dieden fan 'e minske en dat er deugd of goede dieden net beleanje soe. Guon fan dy wjerlizzings giet er tige wiidweidich op yn.
As in reade trie troch Jezus Sirach rint it gebed oan God om 'e fersille Joaden wer byinoar te garjen, de profesijen fan 'e profeten útkomme te litten en genede te hawwen foar de Joaden en harren Timpel. It boek beslút mei in tankliet en in útiensetting oer it oanlearen fan wiisheid.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gerben Colmjon sette yn 1863 in fragmint út Jezus Sirach oer yn it Frysk (Sir. 13:4-11), dat útjûn waard as taheakke by dy syn Beknopte Friesche Spraakkunst. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel útjûn waard, is Jezus Sirach yndield ûnder de apokrife of deuterokanonike boeken, oan 'e ein fan it Alde Testamint. Dy oersetting fan Jezus Sirach waard makke troch drs. H.J. Brouwer, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Paulus Akkerman.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side. |