Boxtel (plak)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Bokstel (plak))
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gemeentehûs

Bokstel is it haadplak fan de Noard-Brabânske gemeente Boxtel yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân.

Boxtel leit oan de rivier de Dommel en leit middenyn de trijehoek Tilburg, Eindhoven en 's-Hertogenbosch. Dit makke Boxtel al ier ta in ferkearsknooppunt. Boxtel is bygelyks in spoarknooppunt dêr’t trije (eartiids fjouwer) spoaren gearkomme.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de âldste dokuminten dêr’t de plaknamme Boxtel foarkomt (11e iuw) wurdt it skreaun as Buxtel of Buchestelle. It wurd is in gearstalling fan stelle 'stâl' (feilich ûnderkommen) en 'buk' (reebok). Troch de betsjutting fan it twadde diel is it net wierskynlik dat it earste diel bok fan 'boek' (boekebeam) komt.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. "Sykresultaten". 2019. Etymologiebank.Nl. besjoen op 27 april 2019. [1].