Springe nei ynhâld

Daniël (bibelboek)

Ut Wikipedy
Daniël
algemiene gegevens
oarspr. titel דָּנִיֵּאל ("Dani’el")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk, Arameesk
foarm non-fiksje, proaza
sjenre religiosa
skreaun ±165 f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Ezechiël
● folgjend diel Hoséa
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Daniël
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Daniël, yn it oarspronklike Hebriuwsk: דָּנִיֵּאל, Dani’el, is in boek fan sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is Daniël it 21ste boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 27ste boek (fan 39) en heart it ta de Grutte Profeten. It boek Daniël fertelt oer it libben fan 'e Joadske foaroanman Daniël oan it Babyloanyske hof ûnder de Babyloanyske Ballingskip, en jout dêrnei in beskriuwing fan fjouwer fan syn fizioenen mei byhearrende ynterpretaasje. De earste folsleine Fryske oersetting fan Daniël stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Neffens de tradysje soe Daniël in histoarysk persoan west hawwe en soene de dingen dy't yn it boek Daniël beskreaun wurde, histoaryske foarfallen wêze; it nei him neamde boek soe troch Daniël sels skreaun wêze yn 'e sechsde iuw f.Kr. Dat is de miening dy't konservative, evangelyske en oare fûnemintalistyske bibelkenners en -kommentators noch altyd útdrage. De (objektive) moderne bibelwittenskip is lykwols al om 1900 hinne ta de konklúzje kommen dat Daniël eins yn it hellenistysk tiidrek, om 165 f.Kr. hinne, skreaun wêze moat troch in anonime skriuwer, en dat it gjin histoaryske foarfallen beskriuwt, mar ynstee ûnder de momkape fan sabeare skiedsskriuwing temûk kommentaar leveret op it regear fan 'e Seleusidyske kening Antiochus IV Epifanes (215-164 f.Kr.).

Daniël oan it Babyloanyske hof (h. 1-6)

As de Babyloanyske kening Nebûkadnêzer II yn 586 f.Kr. Jeruzalim ynnimt en ferwuostget, lit er in grut tal jonge leden fan 'e Judeeske hegerein yn ballingskip fuortfiere nei Mesopotaamje. Dêr wurde guon fan harren, mei dêrûnder Daniël en syn trije maten Chananja, Misjael en Azarja, troch de kening yn 'e tsjinst nommen as hôvelingen. Alle oaren passe har gaueftich oan, mar Daniël-en-dy hâlde fêst oan 'e joadske religieuze foarskriften en witte meitiid de hofmaster derfan te oertsjûgjen om harren op dat mêd gewurde te litten. Daniël oppenearret him foar it earst foar de kening oer as er in foarsizzende dream fan Nebûkadnêzer útleit. Letter oerlibje syn trije maten troch yngripen fan God dat se yn 'e lôge fan in gleonhjitte fjoerûne smiten wurde om't se net bûge wolle foar in gouden byld dat de kening meitsje litten hat. Daniël leit op 'e nij in dream fan 'e kening út en foarseit dat Nebûkadnêzer syn ferstân ferlieze sil en sân jier lang libje sil as wied er in wyld bist, wat neitiid ek bart. Under Nebûkadnêzer syn opfolger Belsjassar leit Daniël in fizioen út troch de ein fan it Babyloanyske Ryk te foarsizzen, en dyselde nachts noch oerweldiget "Darius de Mediër" Babyloanje en fêstiget it Perzyske Ryk. Under kening Darius kriget Daniël op 'e nij in tige foaroansteand plak oan it hof, wat de oergeunstigens fan oare hôvelingen opropt. Troch dy har yntriizjes wurdt Darius twongen om Daniël yn 'e liuwekûle smite te litten, mar troch yngripen fan God dogge de liuwen him neat en komt er de oare moarns ûnskeind wer foar 't ljocht.

Daniël dy't Nebûkadnêzer syn dream útleit.


De fjouwer fizioenen (h. 7-12)

Yn it earste jier fan it regear fan kening Belsjassar hat Daniël in fizioen oangeande fjouwer takomstige keningen of riken, wêrfan't de fjirde de hiele ierde fersline sil. It trêde jiers fan Belsjassar syn regear kriget Daniël in fizioen oer in raam en in geitebok dy't it Ryk fan Meden en Perzen en it Hellenistyske Ryk fan Aleksander de Grutte foarstelle. Dêrby wurdt it útinoarfallen fan it Hellenistyske Ryk nei de dea fan Aleksander foarsein. Yn it earste jier fan it regear fan Darius hat Daniël in fizioen oangeande santich wiken, dy't de santich jier foarstelle dat Jeruzalim ferwuostge bliuwe soe nei't it yn 586 f.Kr. troch Nebûkadnêzer sljochte wie. En yn it trêde jier fan kening Koaresj (Syrus de Grutte) hat Daniël, ta ein beslút, in fizioen oer de striid tusken de "kening fan it noarden" en de "kening fan it suden", dat op 'e nij foarútwiisd nei de oarloch tusken de Griken en de Perzen, en hokker ynfloed oft dy op 'e Joaden hawwe sil.

Apokrife tafoegings

Yn 'e kanon fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en de eastersk- en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken binne der trije Taheakken op it Boek Daniël, dy't troch de protestantske denominaasjes en de measte joadske streamings as apokryf beskôge wurde. Azarja (of it Liet fan Azarja) foarmet dêr in passaazje yn Daniël 3 (nei Daniël 3:23); wylst Suzanne en Bel en de Draak oan 'e ein fan Daniël tafoege binne as de haadstikken 13 en 14. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting binne dizze trije teksten as taheakke oan it Alde Testamint ôfprinte mei in stikmannich oare apokrife boeken.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Dan. 4:4-18 út. De earste folsleine útjefte fan Daniël stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Daniël waard dêrby dien troch dr. F. Boonstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus Jacobus W. Zantema.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, References en Further reading, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering