Barûch (bibelboek)
Barûch | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | ברוך ("Bārūḵ") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ±160 f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Apokrife taheakken oan it A.T. | |
● foarich diel | Jezus Sirach | |
● folgjend diel | Brief fan Jeremia | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Barûch | |
publikaasje | 1978, Haarlim/Bokstel | |
útjouwer | NBG & KBS | |
oersetter | H. Dijkstra | |
ISBN oers. | 9 06 12 60 817 |
Barûch, yn it Hebriuwsk: ברוך, Bārūḵ (ek wol bekend as 1 Barûch om it te ûnderskieden fan 'e minder bekende teksten 2, 3 en 4 Barûch), is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt Barûch troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as fyfde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.
De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet Barûch wol deeglik ta de kanon. Yn roomske bibels makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, dêr't it tusken Kleilieten en Ezechiël yn stiet. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken. Yn 'e Fulgaat en de moderne roomske en anglikaanske bibels is in oare deuterokanonike tekst, it Brief fan Jeremia, as haadstik 6 oan Barûch taheakke; yn 'e Septuaginta en de measte moderne eastersk- en oriïntaalsk-otterdokse bibels foarmje Barûch en it Brief fan Jeremia aparte bibelboeken. Yn 'e bibel fan 'e Koptyske en de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke, lykwols, binne Jeremia, Kleilieten, Barûch en it Brief fan Jeremia gearboske ta ien boek ûnder de titel Jeremia.
Oarsprong en skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Barûch is in profetysk boek, dat neamd is nei Baruch ben Neriah, de learling en klerk fan 'e Judeeske profeet Jeremia, mar dat net troch him skreaun is. It bestiet út in stikmannich ûnderskate dielen en foarmet gjin ienheid, dat men mei wol oannimme dat it om koarte teksten út ferskillende tiden en fan ferskillende skriuwers giet, dy't letter gearfandele binne ta ien boek. Guon moderne bibelwittenskippers en teologen liket it ta dat Barûch foar 't neist gearstald is ûnder of koart nei de Makkabeeske Opstân (167-160 f.Kr.).
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It boek Barûch set útein mei in ynlieding (Bar. 1:1-14), wêryn't ferteld wurdt dat Barûch, de soan fan Nearia, yn 597 f.Kr. mei de Judeeske kening Jojakin troch de Babyloaniërs fuortfierd is út Jeruzalim nei Mesopotaamje (al wurdt yn Jeremia 43:6 sein dat er nei de fal fan Jeruzalim mei syn master Jeremia yn ballingskip yn Egypte gie). Yn Babylon hat Barûch dit boek skreaun en it doe weromstjoerd nei Jeruzalim, dat it dêr oan 'e efterbleaune Joaden foarlêzen wurde kin. Dêrnei folget in wiidweidich gebed fan boete, mar ek fan hope (Bar. 1:15-3:8), dat Danjiël 9:4-19 net wanlyk is. Dan is der in leardicht oer de wiisheid (Bar. 3:9-4:4), dat wol wat wei hat fan Spreuken 8. En it boek slút ôf mei twa treastlieten (Bar. 4:5-5:9), ien wêryn't de personifiëarre stêd Jeruzalim buorlju en bern tasprekt (Bar. 4:5-29), en in twadden wêryn't Jeruzalim sels bemoedigjend tasprutsen wurdt (Bar. 4:30-5:9).
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel útjûn waard, is Barûch yndield ûnder de apokrife of deuterokanonike boeken, oan 'e ein fan it Alde Testamint. Dy oersetting fan Barûch waard makke troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Hendrik Twerda.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |