Henoch (boek)

Ut Wikipedy
Henoch
Tredde side fan in Gryksk manuskript fan it boek Henoch, út 'e 4e iuw.
Tredde side fan in Gryksk manuskript fan it boek Henoch,
út 'e 4e iuw.
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Arameesk of Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 3e1e iuw f.Kr.

Henoch (ek wol it 1 Henoch neamd, om it te ûnderskieden fan 2 en 3 Henoch) is in joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dy't troch de grutte mearderheid fan it hjoeddeiske joadendom en kristendom as apokryf beskôge wurdt. De tradysje wol dat Henoch taskreaun wurde moat oan 'e bibelske persoan Henoch, de oerpake fan Noäch, dy't yn Genesis 5:21-24 neamd wurdt. Moderne bibelwittenskippers en teologen datearje de âldste dielen fan 'e tekst (benammentlik it Boek fan de Skôgers) lykwols yn 'e trêde iuw f.Kr., wylst se fan tinken binne dat it jongste part (it Boek fan de Likenissen) yn 'e earste iuw f.Kr. gearstald is.

Kanonykheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it kristendom makket Henoch ûnderdiel út fan 'e kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke en de ôfspjaltings dêrfan, lykas de Eritreesk-Otterdokse Tsjerke en de Etiopysk-Katolike Tsjerke. De (mormoanske) Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen en de ôfspjaltings dêrfan, lykas de Mienskip fan Kristus, beskôgje it net as kanonyk, mar kenne der wol in spesjale status oan ta, mei't it opfallende oerienkomsten fertoant mei it mormoanske Boek fan Mozes. Binnen it joadendom wurdt Henoch inkeld as part fan 'e kanon sjoen troch de Falasja's, de Joadske minderheid fan Etioopje, dy't tsjintwurdich suver folslein yn Israel libbet.

Oerlevering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Henoch is fragmintarysk oerlevere yn it Arameesk as ûnderdiel fan 'e Deade-Seerôlen, en los dêrfan besteane der ek noch in pear Gryksk- en Latynsktalige fragminten. Yn syn folsleinens is it inkeld bewarre bleaun yn it Ge'ez, de deade tsjerketaal fan Etioopje. Op grûn dêrfan hâlde Etiopysk-otterdokse teologen út dat de tekst oarspronklik ek yn it Ge'ez skreaun wêze moat, al liket westerske saakkundigen dat wol nei fleanen; sy binne fan tinken dat it boek oarspronklik yn itsij it Arameesk, itsij it Hebriuwsk, itsij foar in part yn beide skreaun west hawwe moat. De Etiopysk-Otterdokse Tsjerke leaut fierders dat Henoch dejinge wie dy't it skrift útfûn hat, en dat it boek Henoch dêrom de âldste tekst fan 'e wrâld is. Yn it Westen is Henoch noch it bekendst fanwegen de ferwizings dy't dernei makke wurde yn it nijtestamintysk Brief fan Judas.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Henoch is opmakke út fiif ferskillende parten, dy't har dúdlik faninoar ûnderskiede:

  • it Boek fan de Skôgers
  • it Boek fan de Likenissen
  • it Astronomyske Boek
  • it Boek fan de Dreamgesichten
  • it Brief fan Henoch

De measte westerske saakkundigen binne it deroer iens dat dizze fiif dielen oarspronklik selsstannige wurken wiene, dy't pas letter ta ien inkeld boek gearstald binne. Fierdersoan woe de Poalske bibelwittenskipper Józef Milik (1922-2006) hawwe dat it Boek fan de Reuzen, dat mank de Deade-Seerôlen fûn is, ûnderdiel fan 'e samling wêze moatte soe, en tusken it Boek fan de Skôgers en it Boek fan de Likenissen pleatst wurde moat. Syn teory is lykwols net breed akseptearre.

De opnimming fan Henoch, op in bibelyllústraasje út 1728.

It Boek fan de Skôgers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Henoch set útein mei it Boek fan de Skôgers (Hen. 1-36), wêryn't de fal fan 'e "skôgers" beskreaun wurdt; dat wiene dý ingels dy't fereale waarden op minsklike froulju en tsjin 'e wil fan God yn de himel ferlieten, har op 'e ierde nei wenjen setten en dêr troch har fuort te plantsjen mei froulju in ras fan reuzen, de Nefilim, oansetten. Dit ferhaal liket basearre te wêzen op 'e (folle koartere) beskriuwing yn Genesis 6:1-4: "Doe't der hieltyd mear minsken op ierde kamen en hja dochters krigen, seagen de soannen fan God dat de dochters fan 'e minsken kreas wiene, dat se trouden mei dy dêrfan dêr't se sin oan hiene. Doe sei de Heare: Myn geast sil net foar altyd yn 'e minske bliuwe, om't er fleis is, dat syn libbensdoer sil hûnderttweintich jier wêze. Yn dy dagen — en ek neitiid — wiene der reuzen op ierde. Doe't de soannen fan God by de dochters fan 'e minsken kamen, krigen se bern. Dat wiene de sterke mannen út 'e âlde tiden, de mannen fan namme." It Boek fan de Skôgers fertelt fierders oer it ûnderrjocht dat de fallene ingels oan 'e minsken joegen en it kwea dat dêrút fuortkaam, en oer it oardiel fan God oer de fallenen (dy't troch de fjouwer aartsingels bûn en foar ivich opsletten waarden).

It Boek fan de Likenissen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it Boek fan de Skôgers folget it Boek fan de Likenissen, ek wol de Likenissen fan Henoch neamd (Hen. 37-71). Dat is in fuortsetting fan it Boek fan de Skôgers oer itselde ûnderwerp, mar it draacht lettere ideeën út oangeande it fûnis fan God en behannelet net inkeld de fallene ingels, mar ek de kweade keningen fan 'e minsken. Mei't fan dit diel neat yn 'e Deade-Seerôlen weromfûn is, tinkt men dat dit in lettere tafoeging is.

It Astronomyske Boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Astronomyske Boek of it Boek fan 'e Skinenende Himellichems (Hen. 72-82) jout in beskriuwing fan 'e bewegings fan 'e himellichems en it firmamint, wêrfan't it beweard dat it kennis is dy't oan Henoch iepenbiere is ûnder syn reis nei de himel begelaat fan 'e aartsingel Uriël. Ek jout it in sinnekalinder, dy't teffens yn it boek Jubileeën foarkomt.

It Boek fan de Dreamgesichten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Boek fan de Dreamgesichten (Hen. 83-90), dat ek wol it Boek fan de Dreamen neamd wurdt, is in beskriuwing fan 'e skiednis fan it Joadske folk oant wat de mearderheid fan 'e bibelwittenskippers ynterpretearret as de Makkabeeske Opstân (167-160 f.Kr.). Sadwaande wurdt dit boekdiel ornaris dêromtrint datearre, al hâldt de Etiopysk-Otterdokse Tsjerke fol dat it foàr de Sûndfloed skreaun is.

It Brief fan Henoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Brief fan Henoch (Hen. 91-108) is sels in gearstalling fan fiif lytsere teksten, dy't troch de lêste redakteur trochinoarhinne mjukse binne. De Fermoanning (Hen. 91:1-10 en 18-19) is in koarte list mei fermoannings om from te libjen, rjochte oan Henoch syn soan Metûsjelach. Dan is der de saneamde Iepenbiering fan de Wiken (Hen. 91:11-17 en 93:1-10), in beskriuwing fan 'e skiednis en de takomst fan 'e wrâld, dy't einiget mei de Einichste Dei en it Lêste Oardiel. It eigentlike Brief fan Henoch (Hen. 92:1-5 en 93:11-105:2) giet yn op 'e beleannings fan 'e frommen en de bestraffings fan 'e sûnders, folge troch seis foarsizzings tsjin 'e sûnders en de befêstiging fan harren lot nei de dea. Dêrnei folget de Berte fan Noäch (Hen. 106-107), wêryn't ferhelle wurdt fan 'e berte fan Noäch, de oerpakesizzer fan Henoch, en fan 'e fjirtich dagen rein foarôfgeande oan 'e Sûndfloed. It Beslút (Hen. 108) giet nochris yn op it ûnderskie tusken de frommen en de sûnders en it lot dat dy lêsten nei de dea wachtet. Om't hjirfan neat yn 'e Deade-Seerôlen werom te finen is, giet men derfan út dat dit in lettere tafoeging is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus