Skeel fan Adam en Eva mei Satan
It Skeel fan Adam en Eva mei Satan | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Arabysk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 5e – 6e iuw |
It Skeel fan Adam en Eva mei Satan is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in kristlik pseudepigrafysk geskrift, dat inkeld oerlevere is yn it Ge'ez, de deade tsjerketaal fan Etioopje. Undersikers hawwe fêststeld dat it orizjineel yn it Arabysk skreaun west hawwe moat, en út 'e fyfde of sechsde iuw datearre.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Skeel fan Adam en Eva mei Satan is opdield yn fjouwer boeken. De tekst set útein fuort nei't Adam en Eva út it Hôf fan Eden set binne, wêrby't Adam syn fertriet en helpeleazens yn 'e wrâld bûten it Hôf sterk beklamme wurdt. Yn boek 2 wurde de "soannen fan God", dy't yn 'e Bibel neamd wurde yn Genesis 6:2, identifisearre as de bern Adam en Eva harren soan Set, wylst de "dochters fan de minsken" ôfstammelingen wêze soene fan harren oare soan Kaïn. De Kaïnityske froulju ferlokje de measten fan 'e Settiten om 'e berch dêr't hja op wenje, te ferlitten en har by de Kaïniten yn 'e delling te jaan. Dy wurde laat troch in Genun, dy't in soan wêze soe fan Lamech. Dy Genun wurdt presintearre as de útfiner fan 'e muzykynstruminten, en liket datoangeande te korrespondearjen mei de bibelske Jûbal; lykwols wurdt fan Genun sein dat er teffens de oarlochswapens útfûn.
De Kaïniten, dy't ommers de neiteam binne fan Kaïn, de earste moardner, wurde omskreaun as oerute ferkeard en allegeduerigen ree om moard of ynsest te begean. Nei't harren froulju de Settiten ferlaat hawwe, skinke dy it libben oan 'e Nefilim of reuzen, de "sterke mannen út 'e âlde tiden, de mannen fan namme", sa't se yn Genesis 6:4 neamd wurde. Dyselden waarden lykwols allegear ferdylge yn 'e Sûndfloed, sa't ferhelle wurdt yn oare wurken, lykas Henoch en Jubileeën. Boek 3 en 4 geane fierder mei yn it koart te fertellen oer de libbens fan Noäch, Sem, Melchisedek, ensfh. oant en mei de ferwuostging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch de Romeinen yn it jier 70. Dêrby wurdt de geneälogy fan Adam oant Jezus Kristus jûn, krekt as yn 'e kanonike evangeeljes fan Mattéus en Lukas, mar hjir wurde de nammen fan 'e froulju fan elkmis fan Jezus syn foarfaars derby neamd, wat frijwol nea dien wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side. |