Testamint fan Jakob
Testamint fan Jakob | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk (?) | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbekend |
It Testamint fan Jakob is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, yn 'e foarm fan in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e aartsfaar Jakob. It wurdt gauris behannele as in ûnderdiel fan in soarte fan trilogy mei as de oare beide dielen it Testamint fan Abraham en it Testamint fan Izaäk, mar der bestiet gjin reden om oan te nimmen dat de anonime skriuwer fan it Testamint fan Jakob ek ferantwurdlik wie foar dy beide oare geskriften. It is noch net fêststeld wannear't it Testamint fan Jakob krekt datearre wurde moat.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt as dat yn 'e oare beide testaminten bart mei de aartsfaars Abraham en Izaäk, set it Testamint fan Jakob útein as Jakob besocht wurdt troch in ingel, yn dit gefal de aartsingel Michael, dy't him syn oansteande ferstjerren oanseit, en him dan meinimt op in soarte fan rûnlieding troch de himel. Dêrby sjocht Jakob earst de tramtearrings dêr't de sûnders nei harren dea oan oerlevere wurde, en moetet er dêrnei syn pake Abraham. Yn dit testamint binne it de ingels dy't Jakob tsjinkomt, dy't it grutste part fan 'e preekjende passaazjes fan it geskrift fersoargje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side. |