Springe nei ynhâld

Tredde Brief oan de Korintiërs

Ut Wikipedy
Tredde Brief oan de Korintiërs
algemiene gegevens
oarspr. titel Γ' Επιστολή προς Κορινθιους
("Gamma Epistoli pros Korinthious")
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun koart nei 200 n.Kr.

It Tredde Brief oan de Korintiërs, yn it oarspronklike Gryksk: Γ' Επιστολή προς Κορινθιους, Gamma Epistoli pros Korinthious, ek wol koartwei 3 Korintiërs neamd, is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e apostel Paulus, dy't sabeare in antwurd is fan Paulus oan 'e kristlike gemeente yn it Grykske Korinte, oangeande it Brief fan 'e Korintiërs oan Paulus. De tekst makket ek ûnderdiel út fan it boek Hannelingen fan Paulus. It âldst oerlevere hânskrift fan 3 Korintiërs foarmet ûnderdiel fan 'e Bodmer Papyry (Bodmer Papyrus X), en datearret fan koart nei it jier 200. Dit brief moat net betize wurde mei in Tredde Brief oan de Korintiërs, it saneamde Strange Brief of it Brief fan de Triennen (oanhelle yn 2 Kor. 2:4 en 7:8-9), dat Paulus àl skreaun hat, mar dat wierskynlik ferlern gien is.

De grutte mearderheid fan 'e kristlike tsjerken, mei dêrûnder alle protestantske, roomsk-katolike en eastersk-otterdokse denominaasjes, beskôget 3 Korintiërs as apokryf. Yn 'e Midsiuwen makke dizze tekst wol diel út fan 'e Bibel fan 'e Armeensk-Otterdokse Tsjerke, mar dêr is it meitiid út weiwurden. Yn 'e bibelútjefte fan 1666 wie it noch oanwêzich; yn dy fan 1805 stie it as taheakke fermeld; en hjoed de dei wurdt it net mear ôfprinte en makket it gjin ûnderdiel fan 'e kanon mear út. Ek yn 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke waard 3 Korintiërs oarspronklik as kanonyk beskôge, al stie it net yn 'e Peshitta; mar dêr stiene 2 en 3 Jehannes, 2 Petrus, Judas en Iepenbiering likemin yn en dy boeken waarden yn 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke ek frijwol unanym as ûnderdiel fan 'e kanon sjoen.

De tekst fan 3 Korintiërs is opboud om ûnder de kristlike gemeente te Korinte ûnderstelde misbegripen oangeande Paulus syn beide eardere brieven oan 'e Korintiërs út 'e wei te romjen; de skriuwer, dy't almeast oantsjutten wurdt as Pseudo-Paulus, soe him dêr bewust fan wurden wêze troch it Brief fan de Korintiërs oan Paulus, dat fan in like twifelich alloai is as 3 Korintiërs. Yn it bysûnder besiket Pseudo-Paulus om 'e ynterpretaasje fan 'e sin "in minske fan fleis en bloed kin it keninkryk fan God net winne" (1 Korintiërs 15:50) te ferbetterjen, dy't guon lju útleine as soe de weropstanning fan 'e deaden gjin fysike foarm oannimme. Gnostisy stiene derom bekend dat se dit diel fan 1 Korintiërs oates en toates oanhellen en dêrmei kristlike teologen lykas Irenaeus, dy't oantoane woene de deaden yn fysike foarm ynstee fan inkeld spiritueel weropstean soene, it bloed ûnder de neilen wei hellen. Bibelwittenskippers binne fan tinken dat de gnostisy op dit punt mei Paulus syn eigen wurden sa sterk stiene, dat ien of mear otterdokse kristenen it nedich achten om yn 'e foarm fan 3 Korintiërs in wjerwurd fan Paulus sels te ferfalskjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus