Testamint fan Izaäk
Testamint fan Izaäk | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk (?) | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbekend |
It Testamint fan Izaäk is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, yn 'e foarm fan in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e aartsfaar Izaäk. It wurdt gauris behannele as in ûnderdiel fan in soarte fan trilogy mei as de oare beide dielen it Testamint fan Abraham en it Testamint fan Jakob, mar der bestiet gjin reden om oan te nimmen dat de anonime skriuwer fan it Testamint fan Izaäk ek ferantwurdlik wie foar dy beide oare geskriften. It is noch net fêststeld wannear't it Testamint fan Izaäk krekt datearre wurde moat, mar de yngeande kristlike tematyk fan 'e tekst wurdt ornaris beskôge as in lettere tafoeging oan wat oarspronklik in joadsk geskrift west hawwe moat.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Testamint fan Izaäk set útein as Izaäk troch in ingel syn oansteande dea oansein wurdt. Dêrop ropt de aartsfaar syn soan Jakob by him, en foarseit er de lettere skiednis fan 'e Tolve Stammen fan Israel en, yn in lettere tafoeging, de komst fan Jezus Kristus. As der bûten syn tinte in mannichte folk gearkomt, jout Izaäk in preek oer hoe't men jin hâlde en drage moat, en oer hoe't men te bycht gean moat.
Dêrop komt de ingel werom en nimt Izaäk mei nei de himel. Hy sjocht dêr earst de tramtearring fan 'e sûnders (dy't neffens de skriuwer fan dizze tekst yn 'e himel plakfynt, en net yn 'e hel), en moetet dan syn ferstoarne heit Abraham. Izaäk sels is dan noch net rjocht dea, en op befel fan Abraham keart er werom nei de ierde, dêr't er dit testamint optekenet, ear't er stjert en wer nei de himel reizget yn in fleanende striidwein, sa't ek de profeet Elía dat docht yn it kanonike bibelboek 2 Keningen 2:11.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side. |