Traktaat oer de Weropstanning

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Traktaat oer de Weropstanning is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in gnostysk geskrift dat yn desimber 1945 fûn waard troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske teksten, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei. It wurdt somtiden ek wol it Brief oan Rheginos neamd, mei't it de foarm hat fan in brief, dat in beskie liket te wêzen op fragen oer de weropstanning dy't oan 'e anonime skriuwer steld wiene troch in Rheginos. It Traktaat oer de Weropstanning wurdt ornaris datearre yn 'e iere twadde ieu.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

It wichtichste boadskip fan it traktaat of brief is dat kristenen harsels troch de selsopoffering fan Jezus Kristus al as yn geastlike sin weropstien beskôgje moatte soene, en dat dy weropstanning wier is en net inkeld in metafoar. It wol fierders hawwe dat Jezus "as fleis libbe" en "sawol minsklik as godlik" wie. Dêrmei nimt de tekst dúdlik ôfstân fan it dosetisme, in rûnom foarkommende lear ûnder gnostyske kristenen, dy't hawwe woe dat Jezus inkeld skynd hie te libjen, te stjerren en werop te stean. It Traktaat seit ek noch dat Jezus "himsels de Soan fan God toande". Los fan dizze frij otterdokse kristlike skaaimerken is de tekst fierders dúdlik gnostysk, mei't it gnostyske ideeën útdraacht, lykas it bestean fan ferskate godheden en eoanen, predestinaasje en in djip respekt foar de apostel Paulus, dy't it oantsjut as "Dé Apostel". Dit geskrift soe sadwaande it wurk wêze kinne fan in sabeare-gnostyske streaming, dy't oangeande de natuer fan Kristus rjochtsinniger tinkbylden beholden hie as it grutste part fan 'e gnostyk.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden |
Psalm 151 | Psalmen 152-155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) |
Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs |
4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan |
Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief |
Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus |
Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve |
Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije |
Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) |
Wysheid fan Jezus Kristus