Pseudo-Ezechiël

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pseudo-Ezechiël
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ûnbekend

Pseudo-Ezechiël is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is ek bekend ûnder de namme 4Q Pseudo-Ezechiël en der wurdt yn âldere boarnen wol nei ferwiisd as 4Q 2 Ezechiël. It is in fragmintarysk Hebriuwsktalich pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e âldtestamintyske profeet Ezechiël, dat mids tweintichste iuw fûn is yn Grot 4 te Qumran, as ûnderdiel fan in skat oan âlde manuskripten dy't de Deade-Seerôlen neamd wurde. It wie oant de ein fan 'e jierren tachtich sels yn wittenskiplike fermiddens frijwol ûnbekend, en waard pas publisearre yn 2001. Sûnt hat Pseudo-Ezechiël him ûntjûn ta ien fan 'e meast kontroversjele fynsten fan 'e iere ienentweintichste iuw. De tekst bestiet, ynsafier't er oerlevere is, út seis fragminten: 4Q385, 4Q385b, 4Q385c, 4Q386, 4Q388 en 4Q391. It lêste fragmint, 4Q391, ferskilt fan 'e oare fiif, meidat it fan 'e ein fan 'e twadde iuw f.Kr. datearret, en dêrmei op syn minsten hûndert jier âlder is. De oare fiif fragminten lykje lettere kopyen te wêzen fan 'e oarspronklike tekst dêr't 4Q391 ienris diel fan útmakke hat.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't 4Q385c sa goed as ûnlêsber is, en de oare fiif stikken der ek min oan ta binne, kinne der dochs, alles mei-inoar, fjouwer oant seis kolommen tekst út distillearre wurde, mei hjir en dêr wat oerlaping tusken de ferskate fragminten. Utsein it oerdúdlike trochrinnen fan Kolom 1 yn Kolom 2 is it net bekend hoe't de stikken yninoar past wurde kinne, hoewol't saakkundige Devorah Dinant, dy't de tekst yn 2001 publisearre, suggerearret om 'e folchoarder fan 'e oerienkomstige foarfallen yn it bibelboek Ezechiël hjirfoar as basis te brûken.

De tekst liket in petear te wêzen tusken Ezechiël en God, dat úteinset mei it ûnthjit fan God dat it drûge biente werrize en wer oaninoar befêstige wurde sil om fannijs it keninkryk Israel te foarmjen. De ûnbekende skriuwer fan Pseudo-Ezechiël hat hjirby Ezechiël 37 as boarne brûkt, mar wylst de werrizenis fan Israel yn Ezechiël 37 byldspraak is foar in nasjonale restauraasje, giet it yn Pseudo-Ezechiël oer de letterlike werrizenis fan Israels fromme deaden. Dizze passaazje wurdt folge troch in profesije dat in "soan fan Belial" komme sil om 'e Israeliten te ûnderdrukken, mar dat er ferslein wurde sil en syn bewâld teneate dien. Yn 'e oare fragminten freget Ezechiël God oft dy de tiid net flugger foarby gean litte kin, dat Israel gauwer it Unthjitten Lân wer yn besit nimme kin. Ek is der in ferdwaald stikje dat it tema werrizenis bemimeret, folge troch in beskriuwing fan 'e Merkaḇah, de striidwein fan God, dy't yn Ezechiël 1 neamd wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus