Iepenbiering fan Adam
Iepenbiering fan Adam | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk (?) | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | begjin jiertelling |
De Iepenbiering fan Adam is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan Adam, de earste man, en is fan gnostyske oarsprong. It waard yn desimber 1945 fûn troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske teksten, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei. Om't it net dúdlik oan it kristendom referearret, is ûnder de saakkundigen it debat noch altiten geande oft it hjir om in foarbyld fan kristlik gnostisisme giet, of fan joadsk gnostisisme.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Iepenbiering fan Adam ferhellet hoe't Adam yn 'e âlderdom fan 700 jier syn geheime kennis (gnosis) oerdraacht oan syn soan Set. Dêrby giet it om it bestean fan in wurd fan kennis oer de ivige God dat hy fan Eva leard hat, en it feit dat hy en Eva yndie machtiger wiene as harren ûnderstelde skepper. Harren kennis is lykwols ferlern gien yn 'e Sûndefal, doe't de mei-skepper, de demiurch, Adam fan Eva skate. Adam fertelt hoe't trije mysterieuze frjemdlingen it oansetten fan Set bewurkmasteren om 'e kennis te behâlden. Dêrnei profetearret er wiidweidich oer it takomstich besykjen fan 'e demiurch om 'e minskheid út te rûgjen, wêrby't û.m. de Sûndfloed op 't aljemint komt en fierders in grutte wrâldbrân neamd wurdt. Mar ek foarseit Adam dat der foar de Ein fan de Tiden in Ferljochter komme sil om 'e minskheid te rêden. As dy komt, sille trettjin keninkriken trettjin ferskillende standerts fan 'e Ferljochter oprjochtsje, wylst hja trettjin ûnderskate berteleginden fan him útdrage sille, mar inkeld de "generaasje sûnder kening" sil de wierheid fertelle.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further Reading, op dizze side. |