It Swurd fan Mozes
It Swurd fan Mozes | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | >11e iuw |
It Swurd fan Mozes is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk Hebriuwsktalich geskrift ûnder de namme fan 'e âldtestamintyske profeet Mozes, mei as ûnderwerp magy. It waard foar it earst publisearre yn 1896, yn in ferzje dy't redigearre wie troch de Britsk-Joadske taalkundige en wittenskipper Moses Gaster, op basis fan manuskript út 'e trettjinde of fjirtjinde iuw dat er sels yn eigendom hie. Dat hânskrift, dat foarhinne MS Gaster 78 hiet, is no yn it besit fan it Britsk Museum, dat it MS Or. 10678 neamd hat. Gaster naam oan dat de tekst fan foàr de alfde iuw datearre wurde moast, mei't dernei ferwiisd wurdt yn in brief fan Rav Hai Gaon (939-1038), en spekulearre dat it faaks wol ôfkomstich is út 'e earste helte fan it earste milennium. Njonken it Midsiuwske manuskript dat troch Gaster oankocht en brûkt waard, is der ek in koart fragmint fan oerlevere yn 'e Codex Oxford 1531. In nije, krityske edysje fan It Swurd fan Mozes waard yn 1997 útjûn troch de Israelyske wittenskipper Yuval Harari, op grûn fan in ôfwikende tekst út in oar manuskript.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Editions, op dizze side. |