Mozes (profeet)
| Mozes | ||
| Mozes mei de Tsien Geboaden (Nederlânsk skilderij út 1600-1624). | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Mosje | |
| berne | 13e iuw f.Kr. (trad.) | |
| berteplak | Egypte | |
| ferstoarn | Neboberch | |
| stjerplak | Lân Moäb | |
| leeftyd | 120 jier | |
| folk | Israelitysk | |
| Famylje | ||
| heit | Amram | |
| mem | Jokêbed | |
| partner(s) | Sippoara | |
| bern | Gersjom; Eliêzer | |
| sibben | Aäron; Mirjam | |
| stamme | Levy | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | profeet; wetjouwer | |
| rol | lieder fan 'e úttocht | |
| perioade | Uttochtperioade | |
| bekend fan | de Tsien Geboaden | |
| neamd yn | Exodus; Levitikus; Numeri; Deuteronomium | |
| religieuze tradysje | kristendom; joadedom; islam | |
Mozes[1] of Moazes[2] (Hebriuwsk: מֹשֶׁה Mosje; Latynsk: Moyses) is in persoan út de Bibel, dy't neffens it bibelboek Exodus it folk fan Israel út de slavernij yn it Egyptelân befrijde en syn folk troch de woastyn late nei it lân fan 'e belofte. Mozes skreau de earste fiif boeken fan 'e Bibel en krige fan God op 'e berch Hoareb (of Sinaï) de Wet foarlêzen. Mozes wurdt fereare yn alle trije monoteïstyske godstsjinstsen: it kristendom, it joadendom en de islam.
It libben fan Mozes neffens de Bibel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
(Alma Tadema).
Mozes waard berne as soan fan Amram en Jokebêd út de stam fan Levy en as it jongere broerke fan Mirjam en Aäron. De berte fan Mozes foel yn in tiid fan slimme ferdrukking en de farao hie besletten om alle nijberne soannen fan it folk Israel te ferdrinken yn 'e Nyl, om't it folk oars te manmachtich waard. Om oan dat lot te ûntkommen waard Mozes yn in wettertichte bizen koer tusken it reid fan in wetterstream te fûnling lein. Mozes waard fûn troch in dochter fan 'e farao, dy't op itselde plak kaam om te baaien. Hja seach fuortendaliks dat it in Hebriuwsk bern wie en wie fêstbesluten de fûnling te hâlden. Mirjam, de âldere suster fan Mozes, stie op distânsje ta te sjen en wie sa dryst om de prinses út te stellen in frou te heljen, dy't it bern de tate jaan koe. En sa kaam it jonkje wer thús, mar doe't Mozes grut waard kaam hy by de prinses oan it hôf, dy't de jonge as in soan behannele en in Egyptyske opfieding joech (Ex. 2:10). De dochter fan 'e farao neamde it jonkje Mozes. De namme betsjut yn it Egyptysk "út it wetter redden" (mo = wetter; yses = beholden) en yn it Hebriuwsk "der úthelle" (mashah = der út helje).
Mozes fergeat lykwols syn komôf net en doe't hy ienris as folwoeksen man tsjûge wie fan it ôfseamjen fan in Israelyt troch in Egyptner, waard hy sa poer, dat hy de Egyptner deasloech. It foarfal waard bekend, ek by de farao, en Mozes moast foar de wraak fan 'e farao flechtsje nei it lân fan 'e Midianiten, dêr't er ûnderkommen fynt by Jetro en herder wurdt. Mozes troud mei Jetro's dochter Sippoara, by wa't Mozes twa soannen krige: Gersjom en Eliêzer.

Gebhard Fugel (1863–1939).
As Mozes op in dei it fee oan it weizjen is by de berch Hoareb, heart er yn in baarnende toarnbeiestrûk in stim. It fjoer fertarre de strûk net en de stim makke him bekend as "de God fan syn heit, de God fan Abraham, de God fan Izaäk en de God fan Jakob". Mozes krige fan God de opdracht om nei de farao te gean en syn folk te ferlossen fan 'e slavernij. Hy achte himsels dêrta folslein net yn steat en besocht mei ferlechtjes oan 'e opdracht te ûntkommen. Op 'e fraach wat er dan sizze moast as it folk fan Israel Mozes nei de namme fan God freegje soe, andere God: "Ik bin dy’t Ik bin" (Ex. 3:14), itjinge oerienkomt mei JHWH, de hillige namme fan God. "Och Heare, ik bin net in man fan it wurd" en "Ik bin swier fan mûle en tonge" (Ex. 4:10) besocht Mozes der noch tsjin yn te bringen, mar God wie net te fermurvjen en wiisde syn broer Aäron oan om mei te gean, sa’t Aäron foar Mozes sprekke koe.
Doe't Mozes en Aäron by de farao kamen mei it fersyk om it folk fan Israel út namme fan 'e Heare gean te litten om yn 'e woastyn in offerfeest te hâlden, frege de farao lytsachtsjend wa't dy God dan wol net wie dêr't hy nei harkje moatte soe? De farao joech gjin krimp en hjitte Mozes en Aäron en harren folk mar gau wer oan it wurk te gean. Foar straf ferswierre de farao it rezjym foar syn slaven (Ex. 5:4). No kearde ek it folk fan Israel har tsjin Mozes en ferwieten him de saak allinnich mar slimmer te meitsjen. Ek Mozes twifele en frege God wat no it doel wie fan syn gean nei de farao, it waard ommers allinnich mar slimmer foar syn folk. Mar de Heare sei: "dû silst sjen wat Ik sil dwaan, troch Myn machtige hân sil de farao it folk gean litte".

(Alma Tadema, 1872)
Tsien pleagen wiene der nedich om de ferlossing fan it folk fan Israel ôf te twingen. De earste pleach wie dat it wetter fan 'e Nyl yn in donkerreade kleur feroare. En dêrnei folgen de oare pleagen. De lêste pleach waard de alderslimste en brocht yn 'e nacht fan 'e 14e dei yn 'e earste moanne fan 'e Hebriuwske kalinder de dea foar alle earstberne Egyptyske jongens en datjinge jilde ek foar al it fee fan 'e Egyptners. It lân rekke yn djippe rou en ek de farao treure om it ferstjerren fan syn soan. It folk fan 'e Israeliten hie opdracht krige it bloed fan in slachte laam oan de doarposten te smarren, sa’t de hûzen fan 'e Israeliten herkend en sparre wurde koene. Dyselde nacht noch frege in benaude farao it folk fan Israel it lân te ferlitten en wol fuortendaliks. Hja mochten al it besit meinimme en de farao frege sels noch om foar him te bidden. Dêrmei begûn nei 430 jier yn it lân fan Gosjen wenne te ha (it lân dat de farao earder oan 'e famylje fan Joazef tawiisd hie) de lange tocht fan God’s folk troch de woastyn nei it lân fan 'e belofte. In fjoerkolom wiisde it folk de wei.

De farao en syn hôf krigen wat letter lykwols der dochs noch spyt fan dat de slaven samar frij litten wiene. Hy makke him klear en mei in leger fan wol 600 weinen gyngen hja it folk fan Israel efternei. De Israeliten wiene yntusken by de Reitsee oankommen en seachen dêr de stofwolken fan it Egyptyske leger tichterby kommen. It benaude folk waard ûntefreden en begûn te fûterjen: "hiene wy net better yn Egypte bliuwe kind, ynstee fan hjir te stjerren yn 'e woastyn?". Mar de fjoerkolom dy't it folk late ferpleatste him no tusken it leger fan 'e farao en it folk fan 'e Israeliten en brocht oan 'e kant fan 'e Egyptners tsjusternis. God hjitte Mozes om mei syn stêf oer de see te striken en mei stiek in fûle eastlike stoarm op, dy’t it wetter fan 'e see spjalte en tusken it wetter in paad sljochte, sa’t it folk oerstekke koe. Doe’t it folk op 'e oare kant oankaam, seach de farao kâns om te folgjen. Mar wylst de weinen oer de boaiem fan 'e see riden, streamde it wetter werom en ferswolge de farao mei syn gefolch.
Fjirtich jier lang bliuwt it folk yn 'e woastyn. Op 'e berch Hoareb jout God oan Mozes de Tsien Geboaden. Mozes sels soe nea yn it lân fan 'e belofte oankomme. Ynstee dêrfan stie God it Mozes ta om op 'e berch Pisga eastlik fan 'e Jordaan by Jericho it hiele lân te oereidzjen. It bibelboek Deuteronomium einiget mei it ferstjerren fan Israel’s grutte lieder. Mozes wie doe 120 jier âld en God sels soarge foar it grêf yn in delte yn it lân Moab, dat fan gjin minske ea fûn waard. Mirjam en Aäron wiene Mozes doe al lang foargien.
Fjirtich jier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mozes ferstoar yn de âldens fan 120 jier en syn libben is te ferdielen yn trije kear fjirtich jier. De earste fjirtich jier libbe Mozes yn Egypte, de twadde fjirtich jier wie Mozes in herder yn it lân fan 'e Midianiten en de lêste fjirtich jier fierde Mozes it folk Israel troch de woastyn.[3]
Mozes yn de keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
(Rembrandt van Rijn).
Mozes wurdt yn 'e keunst fakentiden ôfbylde mei de Wet op 'e stiennen tafels yn syn hannen. De Wet krige Mozes fan God by in ferbliuw fan fjirtich dagen en nachten op 'e berch Hoareb.
Mozes draacht op ôfbylden ek faak in stêf. By de farao moast Mozes fan God syn stêf op 'e grûn goaie. Dy stêf feroare doe yn in slang en doe't Mozes de slang by de sturt pakte feroare it bist wer yn de stêf. Mozes brûkte syn stêf by in tal pleagen: hy moast neffens de Skrift by de earste pleach fan 'e Heare mei syn stêf op it wetter fan 'e Nyl slaan om it yn bloed te feroarjen (Eks 7:20), de Heare liet it yn 'e sânde pleach donderje en hagelje doe't Mozes syn stêf nei de himel strekte (Ex. 9:23) en by de achtste pleach strekte Mozes syn stêf út oer it lân en liet God in eastenwyn opsette dy't sprinkhoannen oanfierde, dy't it lân kealfrieten (Ex. 10:4-20). De stêf waard ek neamd doe't God de Reidsee liet spjalte om in paad te meitsjen. Yn 'e woastyn liet Mozes mei syn stêf wetter út in rots streame (Ex. 17:1-7).
De hoarns op 'e holle fan Mozes lykas by it byld fan Michelangelo binne in gefolch fan in ferkearde oersetting yn 'e Fulgata fan 'e bibeltekst yn Exodus 34:29. Doe't Mozes de Hoareb delgyng, seagen de Israeliten dat it antlit fan Mozes glinsterde en hja doarsten ynearsten Mozes net te naderjen. It Hebriuwske wurd foar lochtstrielen koe op twa wizen oerset wurde en by de oersetting waard it ferkearde wurd keazen. Sa waard de tekst "mei strielen om syn holle" eartiids "mei hoarns op syn holle" (cornuta esset facies sua). Somtiden sjocht men yn foarstellingen fan 'e profeet op it plak fan 'e hoarns ek lytse ljochtstrielen[4][5].
Films oer Mozes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Ten Commandments (1923)
- The Ten Commandments (1956)
- The Bible: Moses (1995)
- The Prince of Egypt (1998; animaasje)
- The Ten Commandments (2006)
- The Ten Commandments (2007; animaasje)
- Exodus: Gods and Kings (2014)[6]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
