Springe nei ynhâld

Oerlis:Mozes (profeet)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Sjoch ek Mozes. Neffens W. Visser is Moazes goed stavere. Drewes (oerlis) 9 maa 2016, 19.41 (CEST)

Mozes - Moazes

[boarne bewurkje]

@Ieneach fan 'e Esk: Wy hawwe no (û.o.) Himelfeart fan Mozes en Taalweb seit Moazes. En myn Fryske Bibel út 1978 wol allinne Mozes lije. What is a boy to do? Drewes (oerlis) 23 aug 2020, 17.31 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: Jo hawwe hielendal gelyk, Drewes. Ik doch datoangeande ek mar wat. Ik bin my derfan bewust dat de Nije Fryske Bibeloersetting 'Mozes' jout, mar RomkeHoekstra, dy't hjir op 'e Wikipedy it artikel oer de man skreaun hat, hat der 'Moazes' fan makke. Earlik sein leit my dy útspraak mear foaroan yn 'e mûle, dat foar mysels bin ik ek mar begûn om 'Moazes' te skriuwen. Mar Mozes is blykber ek goed. Tsja. Net tefolle oer yn sitte, soe ik sizze. Mei ferfryske eigennammen hâlde je sokke dingen, bin ik bang.
Mar ik bin it mei jo iens dat we it gebrûk fan 'e namme yn 'e titels fan siden al even gelyk lûke moatte. It makket my it measte net út oft we de Himelfeart fan Mozes omneame of Moazes sels. Wat fine jo? En wat fynt @RomkeHoekstra: hjirfan? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 aug 2020, 21.22 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik kom beide ferzjes op wikipedy tsjin en ha al faker sein dat ik net in skerpsliper bin. It is my wol goed dat it Mozes wurdt.--RomkeHoekstra (oerlis) 24 aug 2020, 11.48 (CEST)[beäntwurdzje]
Foar wat it wurdich is: ik ha nea ien "Moazes" yn tsjerke of in oar plak sezen heard. De NFB jout Mozes en ik nim oan dat de oersetters dêr oer neitocht hawwe. Drewes (oerlis) 24 aug 2020, 17.06 (CEST)[beäntwurdzje]
Bêst genôch. Mei't RomkeHoekstra der ek neat op tsjin hat, meitsje we der dan 'Mozes' fan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 aug 2020, 21.39 (CEST)[beäntwurdzje]