Geheime Boek fan Jehannes

Ut Wikipedy
Geheime Boek fan Jehannes
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ±180 n.Kr.

It Geheime Boek fan Jehannes is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift fan gnostyske synjatuer ûnder de namme fan 'e apostel Jehannes, dat om it jier 180 hinne skreaun wêze moat. Yn it Geheime Boek fan Jehannes wurdt beskreaun hoe't Jezus Kristus beskate geheime kennis (gnosis) joech oan 'e apostel Jehannes, in foarfal dat plakfûn hawwe soe nei't Jezus weromgien wie "nei it plak dêr't er wei kaam."

Oerlevering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iuwenlang wie it Geheime Boek fan Jehannes inkeld bekend út in passaazje yn Adverses Haereses ("Tsjin Ketterijen"), in geskrift út omtrint 185 fan 'e tsjerkfaar Irenaeus, dy't it dêr yn 'e mande mei it Evangeelje fan de Wierheid en it Evangeelje fan Judas oanhellet as foarbylden fan ketterske teksten. Yn desimber 1945 waarden der lykwols trije út it Gryksk oersette Koptyske manuskripten fan it Geheime Boek fan Jehannes weromfûn troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dy't dêr mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe leine. Op grûn fan 'e tekst fan dy trije eksimplaren waard neitiid nòch in ferzje fan it Geheime Boek fan Jehannes ûntdutsen yn in Koptyske kodeks dy't yn 1896 troch de Dútske wittenskipper Carl Reinhardt yn Kaïro oankocht wie. Sadwaande binne der no fjouwer eksimplaren fan it Geheime Boek fan Jehannes bekend, dy't nettsjinsteande harren skansearre steat mei-inoar de tekst yn syn folsleinens oerleverje.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de geheime kennis dy't Jezus yn it Geheime Boek fan Jehannes oan 'e apostel Jehannes skinkt, is de skepping fan 'e wrâld en de minske it wurk fan in wêzen dat Yaltabaoth neamd wurdt, en dat deselde is as de God fan it kristendom en it joadendom. Neffens de gnosis fan Jehannes is Yaltabaoth lykwols gjin goede, almachtige godheid, mar de mislearre en boasaardige kreaasje fan in eigenwize ingel fan 'e wiere, hegere god, de Monad (eins mear in ûnpersonifiëarre godlik begjinsel). Yaltabaoth kriget daliks spyt as er de minske skepen hat, mei't er sjocht dat dy better en yntelliginter is as hysels, dat hy besiket him fêst te setten yn in finzenis: it Hôf fan Eden. Jezus Kristus, in fertsjintwurdiger fan 'e hegere godlike oarder, fertelt dan dat it net de duvel, mar hysels wie, dy't de earste minske, Adam, derta oerhelle om 'e ferbeane frucht te iten en him sa út it Hôf fan Eden te befrijen. De earste frou, Eva, komt krektlyk út 'e hegere godlike oarder fuort, en is it resultaat fan Yaltabaoth syn mislearre besykjen om Adam syn godlike essinsje te ûntnaderjen. Nei't er dit ferteld hat, giet Kristus fierder yn op 'e snoade plannen fan Yaltabaoth om 'e minske wer ûnder syn tomme te krijen, nammentlik troch him te ferlieden ta fuortplanting. Ta einbeslút hâldt Kristus út dat hy stjoerd is om ljocht te bringen yn it tsjuster fan it tichthûs dat de wrâld is, en om 'e sielen fan harren dy't syn boadskip oannimme wolle, te befrijen fan 'e wrâldske finzenskip en de bestraffing dy't it libben is.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus