Hanneling fan Petrus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hanneling fan Petrus
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 5e iuw (?)

De Hanneling fan Petrus (net te betiizjen mei de Hannelingen fan Petrus, dat in hiele oare tekst is), is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in koart geskrift dat oerlevere is yn 'e fyfde-iuwske Codex Berolinensis.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hanneling fan Petrus giet oer de dochter fan 'e apostel Petrus, dat oars in tsjep jongfaam is, mar fan wa't de iene side fan har lichem alhiel te teskronfele en ferlamme is. As in mannichte lju, mei dêrûnder withoefolle blinen, dôven en lammen dy't troch Petrus genêzen binne, witte wol wêrom't er syn eigen dochter net better makket, fertelt er harren dat it fanke sûn berne wie, mar dat se sa kreas fan stal wie, dat mannich in man troch har yn ferlieding kaam. Doe't se tsien jier wie, seach in ryk man dy't fan Ptoleméus hiet, har tegearre mei har mem baaien. Dêrop liet er har ophelje om har ta frou te nimmen. Dan ûntbrekt der in part fan 'e tekst, mar út 'e rest fan it ferhaal kin men opmeitsje dat it fanke troch in wûnder fan God ynfalide makke waard, sadat Ptoleméus net mear yn ferlieding brocht waard. Om't God har sa fan besmoarging rêden hat, kin Petrus dêr net tsjinyn gean en har genêze.

De Hanneling fan Petrus is inkeld yn namme ferbûn mei de Petrus út it Nije Testamint. It draacht in karakteristyk ekstreme foarm út fan 'e kultus dy't yn 'e troch manlju dominearre fiifde-iuwske kristlike tsjerke om 'e fammesteat hinne ûntstie, mei it idee dat it better is om ynfalide en faam te wêzen as sûn en "besmoarge".

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Robinson, James M., (red.), The Nag Hammadi Libraby, San Francisco, 1990 (HarperCollins).
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus