5 Makkabeeërs

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
5 Makkabeeërs
auteur anonimus
taal Hebriuwsk (?)
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 70100 n.Kr.

5 Makkabeeërs is in algemien as apokryf beskôge joadske religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is inkeld oerlevere yn it Arabysk, en wurdt sadwaande ek wol Arabyske Makkabeeërs of 2 Makkabeeërs (Arabysk) neamd. De oantsjutting "5 Makkabeeërs" waard foar it earst brûkt yn in wittenskiplik artikel út 1832, en is sûnt frij algemien wurden.

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklike tekst fan 5 Makkabeeërs moat yn it Hebriuwsk skreaun wêze, sa't te sjen is oan it grutte tal hebraïsmen yn 'e Arabyske oersetting. Om't der lykwols gjin inkeld fragmint fan sa'n Hebriuwsk orizjineel oerlevere is, binne guon saakkundigen fan tinken dat 5 Makkabeeërs yn it Arabysk gearstald wêze moat út ûnderskate Hebriuwske teksten. De skriuwer wie wierskynlik in joad, en it geskrift moat nei alle gedachten datearre wurde yn it lêste trêdepart fan 'e earste iuw, nei de ferwuostging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch de Romeinen, yn it jier 70. Der besteane guon oerienkomsten tusken 5 Makkabeeërs en it boek Josippon, dy't mooglik te ferklearjen binne troch ûntliening fan it letter skreaune Josippon oan 5 Makkabeeërs.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

5 Makkabeeërs beskriuwt de skiednis fan Jeruzalim en de Joaden begjinnend mei it besykjen fan 'e Seleusidyske earste minister Heliodoarus om 'e timpelskatten te rôvjen, yn 186 f.Kr., en einigjend mei de dea fan 'e beide soannen fan Heroades de Grutte yn 6 f.Kr. It stelt net folle mear foar as in opsomming fan histoaryske foarfallen út 'e boeken 1 Makkabeeërs en 2 Makkabeeërs, oanfolle troch de oanbelangjende haadstikken út 'e skiedkundige wurken fan 'e Joadske histoarikus Flavius Josefus (37100). Allinnich haadstik 12 liket eigen wurk fan 'e skriuwer te wêzen, en dat tilt op fan 'e ûngerjochtichheden en planute flaters.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus