De Libbens fan de Profeten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Libbens fan de Profeten
auteur anonimus
taal Hebriuwsk of Arameesk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 1e iuw

De Libbens fan de Profeten is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is allinnich mar oerlevere yn kristlike manuskripten, gauris mei frijwat tafoegings fan lettere kristlike redakteurs, hoewol't saakkundigen fan betinken binne dat it oarspronklik in joadsk geskrift west hawwe moat. De oerlevere hanskriften binne skreaun yn it Gryksk, Latyn, Syrysk, Armeensk en Arabysk, al moat de oarspronklike tekst yn in Semityske taal steld west hawwe, foar 't neist yn it Hebriuwsk of it Arameesk. Fan 'e ûnderskate Gryksktalige ferzjes wurdt der ien taskreaun oan 'e tsjerkfaar Epifanius fan Salamis, wylst men wol hawwe wol dat in oarenien fan 'e hân fan Dorotéus fan Tyrus is. It iennichste Latynske manuskript soe in oersetting wêze dy't makke is troch Isidoarus fan Sevilla. De Libbens fan de Profeten wurdt almeast datearre yn 'e earste iuw.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Libbens fan de Profeten jout in beskriuwing fan 'e libbens fan 23 âldtestamintyske profeten. De behannele profeten binne: Jesaja; Jeremia; Ezechiël; Daniël; Hoséa; Micha; Amos; Joël; Obadja; Jona; Nahum; Habakuk; Sefanja; Haggai; Sacharja; Maleächy; Natan; Achía; Joäd; Azarja; Elía; Eliza; en Sekarja. Sjoch foar de earste 16 profeten de bibelboeken mei de oerienkommende nammen; fierders: foar Natan 2 Samuël 7 en 12; foar Achía 1 Keningen 11:29; foar Joäd 1 Keningen 13:1 (dêr't er oantsjut wurdt as "de godsman"); foar Azarja 2 Kroniken 15:1; foar Elía 1 Keningen 16:8-14, 17 en fierdere haadstikken oant 2 Keningen 2:1-18; foar Eliza 1 Keningen 19:16 en fierder oant en mei 2 Keningen 13; en foar Sekarja 2 Kroniken 24:20-22.

Yn 'e faak hiel koarte libbensbeskriuwings wurdt gauris de klam lein op 'e marteldea dy't ûnderskaten fan 'e profeten stoarn wêze soene. Sa waard Jesaja libben midstwa seage, en waard Jeremia stiennige. Fierdersoan liket de anonime skriuwer fan De Libbens fan de Profeten mear belangstelling hân te hawwen foar de wûndertekens en profesijen fan 'e profeten as foar har eigentlike libben of har etyske lear. Noch aparter is de wiidweidige oandacht dy't er skinkt oan har sekuere begraafplak. De Libbens fan de Profeten wurdt wol beskôge as in foarrinder fan it lettere (kristlike) sjenre fan 'e hilligelibbens.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus