1 en 2 Keningen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan 1 Keningen)
1 Keningen & 2 Keningen
algemiene gegevens
oarspr. titel מלכים ("Melaḵim")
auteur anonimus
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje, proaza
sjenre religiosa
skreaun 7e – 6e iuw f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel 1 en 2 Samuël
● folgjend diel 1 en 2 Kroniken
oersetting nei it Frysk
Fryske titel 1 Keningen & 2 Keningen
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

1 Keningen en 2 Keningen binne twa boeken fan 'e kristlike Bibel; yn it Alde Testamint falle se ûnder de Skiednis en as sadanich foarmje se it 11de en 12de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste iuw(en) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e Hebriuwske tekst nei it Gryksk, en yn 'e Tenach, de joadske Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is Keningen, yn it oarspronklike Hebriuwsk: מלכים, Melaḵim, it 9de boek (fan 24) en falt it ûnder de Neḇi'im Rišonim (de "Eardere Profeten").

1 Keningen ferhellet fan it libben fan 'e keningen fan Israel en Juda fan Salomo oant en mei Achab; 2 Keningen behannelet alle fierdere keningen fan 'e beide lannen en einiget mei de ferwuostging fan Israel troch de Alde Assyriërs en Juda troch de Babyloaniërs. De boeken beslane dêrmei it tiidrek fan 970 oant 586 f.Kr., oftewol krapoan 400 jier. De measte moderne bibelwittenskippers pleatse fraachtekens by de histoaryske wearde fan 'e beide boeken, mei't se net bedoeld binne as in sekuere skiedsskriuwing, mar as in teologysk traktaat dat oantsjutte moast dat de lieders fan 'e Israeliten op harren trou oan it ferbûn mei God ôfrekkene waarden (krekt as Jozua, Rjochters en 1 en 2 Samuël). De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Keningen en 2 Keningen stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de joadske tradysje soe de profeet Jeremia de skriuwer fan 'e boeken wêze, mar hjoed de dei is men fan tinken dat 1 Keningen en 2 Keningen eins besteane út teminsten twa tekstlagen, wêrfan't de ierste út 'e tiid fan 'e Judeeske kening Josjía (641-609 f.Kr.) datearret, wylst de twadde foarme wurdt troch in redigearring en bewurking út 'e midden fan 'e sechsde iuw f.Kr.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side List fan keningen fan Israel.
De Wikipedy hat ek in side List fan keningen fan Juda.

It boek 1 Keningen begjint daliks op it punt dêr't 2 Samuël ophâldt, nammentlik by de dea fan kening David, dy't op syn stjerbêd noch eefkes mei guon âlde fijannen en freonen ôfrekkenet (wêrûnder de legeroanfierder Joäb, dy't him altiten trou tsjinne hie). Hy wurdt opfolge troch syn soan Salomo, dy't de namme hat de wiiste en rykste kening fan 'e wrâld te wêzen. Hy lit û.m. de Timpel te Jeruzalim bouwe en ûntfangt de om har skientme bekend steande keninginne fan Skeba (by wa't er neffens de leginde in soan oanset dy't Menelik I waard, de earste keizer fan Abessynje). Nei Salomo syn dea sil syn soan Rechabeäm him opfolgje, mar troch syn waanwize hâlden en dragen ferfrjemdet er it folk fan him, en fan gefolgen skuort it keninkryk yn twaen. De tsien noardlike stammen foarmje it noarderryk of tsienstammeryk Israel mei as haadstêd Samaria en as kening Jerobeäm I, wylst de stammen Juda en Benjamin it suderryk of twastammeryk Juda foarmje, mei as haadstêd Jeruzalim en as kening Rechabeäm.

Salomo ferwolkommet de keninginne fan Skeba (in houtfyk op 'e doar fan it Baptystearium fan de Hillige Jehannes, te Florânse).

Israel, dat no gjin tagong mear hat ta de Timpel, yn Jeruzalim, ferfalt al rillegau ta it tsjinjen fan ôfgoaden, mar ek yn Juda rekket it joadske leauwe yn it neigean. De sechsde kening fan Israel nei Jerobeäm I is Achab, dy't mei Izébel, in Fenisyske prinsesse út 'e stêdsteat Sidon, trout, en tastiet dat sy en har gefolch de heidenske Fenisyske godstsjinst útoefenje. God stjoert dêrop de profeet Elía fan Tisbé nei Achab ta om him it leksum te lêzen. Der folget in lange striid tusken dy beiden, altemets ûnderbrutsen troch fermoedsoenings, oant 1 Keningen beslút mei Achab syn dea.

It boek 2 Keningen set útein mei in beskriuwing fan 'e himelfeart fan Elía en de ûnderskate wûnderdieden fan dy syn opfolger, de profeet Eliza. Dêrnei folget de beskriuwing fan in hiele rige minder bekende keningen fan Israel en Juda, wêrfan't eins mar ien derút springt, en dat Hizkía (716-687 f.Kr.), de fjirtjinde kening fan Juda, dy't religieuze herfoarmings trochfiert en in Assyryske oanfal ôfslacht. Israel is dan al (yn 722 f.Kr.) ferslein troch de Assyriërs, dy't dêrnei Hosjéa, de lêste Israelityske kening, yn it tichthús smite en wichtich part fan 'e befolking yn ballingskip fuortfiere. Israel is fan dy tiid ôf in Assyryske provinsje. Yn 586 f.Kr. treft Juda úteinlik in selde lot, as Jeruzalim ynnommen wurdt troch Nebûkadnêzar II, de kening fan Babyloanje. Hy lit Sedekía, de lêste Judeeske kening, de eagen útstekke en yn ballingskip fuortfiere; Juda wurdt dan in ûnderdiel fan it Nijbabyloanyske Ryk.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan 1 Keningen 10:1-13 en 2 Keningen 20:1-12 út. De earste folsleine útjefte fan 'e beide boeken stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan de provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan sawol 1 Keningen as 2 Keningen waard dêrby dien troch dû. R. Bijl, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Ulbe van Houten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering