Rechabeäm fan Juda
| Rechabeäm fan Juda | ||
| Rechabeäm, kening fan Juda; fragmint fan in muorreskilderij yn it stedhûs fan it Switserske Bazel (fan Hans Holbein de Jongere) | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Rehabam, Rehabeäm | |
| berteplak | nei alle gedachten Jeruzalim | |
| stjerplak | natuerlike dea yn Jeruzalim (1 Ken. 14:31) | |
| leeftyd | 41 jier by syn troansbestiging (1 Ken. 14:21) | |
| folk | Israelitysk (stamme fan Juda) | |
| Famylje | ||
| heit | Salomo | |
| mem | Naäma, de Ammonityske | |
| partner(s) | Machalat; Maäka en noch 14 froulju en in grut tal bywiven | |
| bern | By Machalat: Jeûsj, Sjemarja, Saham; by Maäka: kroanprins Abía, Attai, Siza, Sjelomit (2 Kron. 11:18) | |
| Bibelske rol | ||
| titel / funksje | kening fan Juda | |
| perioade | 922 f.Kr. - 915 f.Kr., of 931- 913 f.Kr. | |
| bekend fan | skieding fan it keninkryk; hurde belestingpolityk | |
| neamd yn | 1 Keningen 12–14; 2 Kroniken 10–12 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom | |
Rechabeäm (Hebriuwsk: רְחַבְעָם) regearre neffens it Alde Testamint de earste kening fan it keninkryk Juda. Neffens de bibelboeken 1 Keningen en 2 Kroniken wie Rechabeäm ynearsten kening fan it Feriene Keninkryk fan Israel, mar nei't de tsien noardlike stammen fan Israel yn opstân kamen en it ûnôfhinklike Keninkryk Israel stiften, bleau Rechabeäm allinnich hearsker oer Juda. Syn regear wurdt op it tiidrek 922 oant 915 f.Kr. rûsd.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rechabeäm wie de soan en opfolger fan kening Salomo en de pakesizzer fan kening David, syn mem wie de Ammonityske Naäma. Nei de dea fan syn heit slagge it Rechabeäm net om de ienheid fan it keninkryk te bewarjen. De klacht wie dat it rezjym fan Salomo te swier west hie, mar Rechabeäm woe gjin tasizzingen dwaan om it wat lichter te meitsjen, ek al hiene de âldsten him de rie jûn om it folk yn 'e mjitte te kommen. Dat late ta de spjalting fan it joadske ryk. Op syn eigen stamme Juda en de stamme Benjamin nei, keazen alle oare stammen foar Jerobeäm as kening fan it keninkryk Israel.

Doe't Rechabeäm syn posysje konsolidearre hie, naam er it net mear sa krekt mear mei de wet fan 'e Heare. It folk sûndige mear as ea tefoarren en it tilde op fan de plakken dêr't offere waard oan frjemde goaden (1 Keningen 14:23). Sa koe it langer net en yn it fyfte jier fan Rechabeäms regear strafte God Juda mei in ynfal fan farao Sjisjak. De farao liet de skatten út 'e timpel en it paleis weihelje en ek de gouden skylden naam er mei. Om't Rechabeäm lang om let dochs noch om lyk woe en him foar God feroatmoedige, liet God Jeruzalim net hielendal ûndergean (1 Keningen 14:25; 2 Kroniken 12).
Rechabeäm hie achttjin frouwen en sechtich byfrouwen, mar Maäka, in dochter fan Absalom, hie de kening boppe alles leaf. Hy sette achtentachtich bern oan, wêrfan 28 soannen en 60 dochters.
Rechabeäm wie ienenfjirtich jier doe't er kening waard; hy regearde sântjin jier fanút Jeruzalim oer Juda. Under syn regear wie der algeduerich kriich tusken Juda en Israel. Syn soan Abía folge him op.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Keningen fan Israel en Juda | |
|---|---|
| Tolvestammeryk (foar de skuorring) | |
| Keningen fan Israel (Noardryk) | |
|
Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa | |
| Keningen fan Juda | |
|
Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginne)· Joäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja) | |
