Springe nei ynhâld

David fan Israel

Ut Wikipedy
David fan Israel
David as kening (oargelbyld yn de Grutte Tsjerke fan Swol)
David as kening (oargelbyld yn de Grutte Tsjerke fan Swol)
Persoanlike gegevens
alternative nammenDawid
berteplakBetlehim (1 Samuël 17:12)
ferstoarn970 f.Kr. (natuerlike dea)
stjerplakJeruzalim (1 Ken. 2:10)
leeftyd70 jier (2 Samuël 5:4)
folkIsraelitysk (stamme fan Juda)
Famylje
heitIsai
memnet neamd yn 'e Bibel
partner(s)Mikal; Achinoäm; Abigaïl; Maäka; Chaggit; Abital; Agla; Batsjêba
bernAmnon; Daniël (Kilab); Absalon; Adonia; Sjefatja; Jitreäm; Sjima; Sjobab; Natan; Salomo; Tamar, Jibchar; Elisjama; Elifêlet; Noga; Nêfeg; Jafia; Elisjama; Eljada (Reljada); Elifêlet.
Bibelske rol
titel / funksjekening fan Israel
rolkening; legerlieder; psalmdichter
perioade1008 - 970 f.Kr.
bekend fanIt deadzjen fan Goliat; keningskip; ferbûn mei God; Psalmen
neamd yn1 Samuël 16–31;
2 Samuël;
1 Keningen 1–2;
Psalmen
religieuze tradysjejoadedom; kristendom; islam

David (Hebriuwsk: דָּוִד) wie neffens it Alde Testamint fan 'e Bibel as opfolger fan Saul de kening fan it feriene keninkryk Israel (foardat it útinoar foel yn 'e twa riken Israel en Juda). David libbe om 1000 f.Kr. hinne en is de skriuwer fan in soad fan 'e Psalmen. Neffens ûndersyk fan moderne wittenskippers soe David yn it jier 970 f.Kr. stoarn wêze en neffens it Nije Testamint stamt Jezus Kristus fan David ôf.

De betsjutting fan David foar de Abrahamityske godstsjinsten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Joadedom: David is foar de joaden wichtich om't hy de twadde kening fan 'e joaden wie en God in ferbûn mei de kening sleat. David ferovere Jeruzalim en makke fan dy stêd de haadstêd fan syn ryk.
  • Kristendom: David wurdt troch kristenen as foarfaar fan Jezus Kristus sjoen. Jezus wurdt yn it Nije Testamint dan ek meardere kearen mei de titel "Soan fan David" oansprutsen.
  • Islam: Foar moslims is David in profeet.

De Bibelske David

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

David komt oan it hôf fan 'e kening

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

David waard berne yn Betlehim as de jongste fan 'e acht soannen fan Isai (ek: Jesse). De jonge David wie de skiep fan syn heit oan it hoedzjen doe't de profeet Samuël by Isai del kaam om yn opdracht fan God ien fan syn soannen ta de takomstige kening fan Israel te salvjen. God hie Samuël dizze opdracht jûn, om't de doetiidske kening Saul him ôfkeard hie fan God. Isai liet alle soannen opdrave, mar Samuël krige net it teken fan God om ien fan harren te salvjen. Lang om let frege Samuël oan Isai oft dat alle soannen wiene. Isai antwurde doe dat de jongste noch bûten wie en doe't de jonge David foar Samuël kaam te stean krige de profeet it teken dat dy jonge salve wurde moast.

David mei syn slingerstien
(Gebhard Fugel)

Mar as David by in treffen mei de Filistinen de reus Goliat mei syn slingerstien tsjin de foarholle wist te reitsjen, waard de jonge as in grutte held troch it folk fereare. Ta ferbjustering fan 'e Filistinen snie David dêrnei Goliat de holle ôf. No't harren grutte troef fallen wie yn it gefjocht en dea wie, naaiden de Filistinen út. Doe't Saul fernaam nei dy dappere jonge, brocht de legeroanfierder fan 'e Israeliten David nei Saul, dy't de holle fan Goliat noch yn syn hân hie.

David koe prachtich op de harpe spylje. Om't kening Saul swier te lijen hie fan mismoedigens, waard David útnoege yn it paleis om Saul mei syn harpe wat op te fleurjen. David wist Saul mei syn muzyk te reitsjen en Saul frege David om oan it hôf te bliuwen.

David dy't yn it paleis op de harpe spilet
(Louis Wiesiołowski, 1881)

Oan it hôf kaam David ek yn 'e kunde mei Saul's soan Jonatan. Mei Jonatan krige David in ynlike bân. Jonatan en David holden in soad fan inoar en yn 'e striid mei Saul soe Jonatan hieltyd wer de kant fan David kieze.

David wurdt ferfolge troch kening Saul

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kening koe de populêrens fan David lykwols mar min sette en de oergeunst fan Saul begûn de oerhân te krijen, want it folk song "Saul ferslacht se by tûzenen, mar David by tsientûzenen". Troch dy oergeunst wurdt Saul foar David gefaarlik en ienris wist David mar krekt te ûntkommen oan 'e spear fan Saul, doe't David mei syn harpe wer ris besocht de kening te kalmearjen. Saul woe fan David ôf, safolle wie wol dúdlik, en dêrom betocht Saul in fyn ynlein plan. Hy sloech David foar te trouwen mei syn dochter Mikal. As tsjinprestaasje moast David dan 100 Filistinen ferslaan en harren foarhûden nei Saul bringe. Sa, tocht kening Saul soe David wis yn 'e hannen fan 'e Filistinen falle en dan soene dy dan wol fierder mei him ôfweve. Mar David wie net foar ien gat te fangen. David fersloech net 100 mar 200 Filistinen en brocht Saul yn stee fan 100 foarhûden mar leafst 200 foarhûden. De kening hold wurd en joech syn dochter Mikal oan David en David waard de skoansoan fan Saul. Mar it oansjen fan David naam mear ta en de kening wie benauder foar David as ea tefoarren en siet nije plannen út te brieden om David te deadzjen. Saul's soan, Jonatan, hie fan 'e plannen heart en holp David te ûntkommen.

Op in kear hearde Saul dat David him skûl hold yn 'e berchhoalen fan Engêdy. Mei syn leger jage Saul op David, dy't in keppel mannen om him hinne sammele hie, wêrfan't David de oanfierder wie. Om syn behoefte te dwaan rûn Saul ienris de grot yn, dêr't David mei syn mânlju taholden. Saul hie nearne erch yn en dit betsjutte foar David in moaie gelegenheid om Saul te deadzjen. David's mânlju flústerden David ta om him no geweken te nimmen, mar David wegere Saul te fermoardzjen en yn stee dêr fan slûpte er nei de hurkjende Saul ta en snie him in stik fan de mantel ôf. Doe't Saul de grot ferliet, rôp David him nei en hold it stik mantel omheech as bewiis dat David Saul's libben sparre hie, wylst Saul dêr foar oer David deadzje woe. Saul wie oandien en ûnthiet David gjin kwea mear te dwaan, mar hie soe gjin wurd hâlde. Yn Samuël 1:26 sparre David Saul nochris, doe't Saul mei in leger fan 3000 man David besocht te krijen yn 'e woastyn Sif. David slûpte doe op in nacht it kamp fan Saul yn en naam by de sliepende Saul syn spear en wetterkrúk wei. Op 'e nij konfrontearre David dêrnei Saul mei it bewiis dat er Saul yn syn macht hie mar him dochs libje liet.

David as kening

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De arke wurdt ûnder oanfiering fan in dûnsjende en musisearjende David oerbrocht nei Jeruzalim.
(Pieter van Lint, om 1650)

Ta grut fertriet fan David foel Saul en David's freon Jonathan yn in slach mei de Filistinen. David waard doe kening fan Juda, mar legeroanfierder Abner liet de lêste soan fan Saul, Isjbosjet, ta kening útroppe oer Israel. Der ûntstie in lange striid tusken de legers fan David en Isjbosjet. David wûn de striid en waard doe ek kening fan Israel. Hy liet doe syn eagen falle op Jerusalem en nei de oermastering fan 'e stêd op de Jebûsiten, liet David de arke oerbringe en hy makke fan 'e stêd it religieuze sintrum fan syn ryk. David fersloech de oanbuorjende folken en boude it feriene keninkryk fierder út ta dat Baalbek en Damaskus yn it noarden, Moäb yn it easten en yn it suden fan 'e Middellânske See oant de Reade See omspande.

David en Batsjêba

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek de minder moaie kanten fan David komme yn 'e Bibel oan 'e oarder as it ferhaal fan Batsjêba optekene wurdt. Op in dei foel it each fan kening David op in frou dy't de wask die. Hy ynformearre nei dat frommis en it die bliken dat it Batsjêba wie, de frou fan 'e Hetyt Oeria, dy't yn it leger tsjinne. David naam syn trekken waar as Oeria by in fjildtocht tjin de Ammoniten fan hûs wie en slepte mei de frou. Mar doe't bliken die dat hja swier fan 'e kening wie, liet David Oeria út de striid wei by him roppe, yn 'e hope dat Oeria ek by syn frou slepte en mienskip mei har hie. Sa soe neffens David in skandaal terfoarren te kommen wêze. Mar om't Oeria it net passend fûn om by syn frou del te gean en him by har del te jaan, wylst syn maten yn drege omstannichheden libben, mislearre it plan fan David.

Kening David jout de brief oan Oeria
(Pieter Lastman, 1611)

En sa beslette David ta in minne streek: hy skriuwt in brief nei Joäb, de oanfierder fan it leger, en joech him opdracht om Oeria yn 'e striid in plak te jaan dêr't it fûlst fochten waard. David joech dat deafonnis oan Oeria en frege him de brief oan Joäb oer te langjen. David's plan om him sa fan Oeria te ûntdwaan slagge en Oeria ferstoar yn 'e striid. Nei't Batsjêba de foarskreaune routiid yn acht nommen hie, waard hja de achtste frou fan David.

David krige neitiid besite fan 'e profeet Natan, dy't him de fraach stelde wat der barre moast mei in rike man dy't in laam fan in earme man weinaam, om't it him begrutte ien fan syn eigen keppel te slachtsjen. David hie net yn de rekken dat Natan mei de rike man op David doelde en de earme man Oeria wie en andere dat dy rike man de dea fertsjinne. De profeet spegele David doe foar dat in grut kwea David's eigen hûs teheisterje soe. Want David hie yn 'eagen fan God in grutte sûnde begien. Ek soe it bern fan Batsjêba net yn libben bliuwe. Dêrnjonken mocht David de timpel yn Jeruzalim net bouwe, dy ear bleau foarbeholden oan de twadde soan fan Batsjêba: Salomo.

Kening David as psalmist.
(Giovanni Francesco Barbieri (il Guercino) 1651)

De bern fan David en de opfolging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

David hie by meardere froulju bern en de Bibel neamt fan 20 bern de namme. Dy steane yn Kroniken 3:1:

  • Amnon, de âldste soan, berne te Hebron, syn mem wie Achinoäm de Jizreëlityske;
  • Daniël, de twadde soan, berne te Hebron, syn mem wie Abigaïl de Karmelityske;
  • Absalom, de tredde soan, berne te Hebron, syn mem wie Maäka, de dochter fan kening Talmai fan Gesjûr;
  • Adonia, de fjirde soan, berne te Hebron, syn mem wie Chaggit;
  • Sjefatja, de fyfte soan, berne te Hebron, syn mem wie Abital;
  • Jitreäm, de sechste soan, berne te Hebron, syn mem wie Agla.

Yn Jeruzalim krige David mei Batsjêba Sjima, Sjobab, Natan en Salomo en fierder: Jibchar, Elisjama en Elifêlet; Noga, Nêfeg en Jafia; Elisjama, Reljada en Elifêlet. Dêrnjonken wurdt ek de dochter Tamar neamd. Allinnich fan Amnon, Absalom, Adonia, Salomon en Tamar komme wy mear te witten.

Tamar en Absalon
(Alexandre Cabanel, 1875)

Amnon wurdt fereale op syn healsuster Tamar. Hy wit har nei syn ferbliuw te lokken troch him siik te hâlden en fersoarging te freegjen. As Tamar Amnon naderet grypt hy Tamar en ferkrêftet er har. Nei de died wie syn leafde foar Tamar foarby en oergien yn ferachting. Absalon, in folle broer fan Tamar, stiet oan Tamar's kant mar besiket Tamar del te bêdzjen. Twa jier letter nimt Absolon wraak en lit er syn healbroer Amnon deadzje. Absalon flechtet, mar it wurdt him letter tastien werom te kommen nei Jeruzalim. Dêr besiket Absalom David's posysje te ûndergraven en wit er it folk foar him te winnen. David moat flechtsje en nimt de tiid om in leger te foarmjen, wylst spionnen de sitewaasje yn Jeruzalim yn 'e gaten hâlde. Op de ein komt it ta in slach tusken de legers fan David en Absalom yn 'e bosken fan Efraïm. Dêr witte de manskippen fan David it fan 'e mannen fan Absalom te winnen. As Absalon op syn ezel besiket te flechtsjen bliuwt er yn it tichte wâld mei syn lange hier yn 'e takken hingjen. Absalom wurdt dan troch de David's oanfierder Joäb en syn manlju ôfmakke.

It is Salomo, de twadde soan fan Batsjêba dy't David opfolget. Salomo mei ek de timpel bouwe.

De dea fan kening David

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It grêf fan David.

Doe't David stoar wie Salomo al kening. David hat fjirtich jier kening west. D6erfan hat er sân jier regearre yn Hebron en trijëntritich jier yn Jeruzalim. David waard begroeven op 'e eastlike heuvel yn 'e haadstêd fan syn ryk.

Yn 'e tradysje wurdt it grêf fan David fereare op 'e berch Sion yn 'e resten fan in âlde Byzantynske tsjerke. Neffens in âldere tradysje, dy't werom giet op 'e 4e iuw, soe it de romte west ha dêr't Jezus it Lêste Jûnsmiel hold en iere kristenen by inoar kamen. Tsjintwurdich is it gebou eigendom fan in joadske organisaasje. It is foar joaden nei de Kleimuorre it twadhillichste plak yn Israel.

  • De bibelboeken 1 Samuël, 2 Samuël en Kroniken
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory David fan Wikimedia Commons.
Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje