Springe nei ynhâld

Saul fan Israel

Ut Wikipedy
Saul fan Israel
Kening Saul harket nei it spyljen fan David (Julius Kronberg, 1885)
Kening Saul harket nei it spyljen fan David (Julius Kronberg, 1885)
Persoanlike gegevens
berteplaknet neamd yn 'e Bibel
ferstoarnop it slachfjild (1 Samuël 31)
stjerplakberch Gilboä (1 Samuël 31:1–6)
folkIsraelitysk (stamme fan Benjamin)
Famylje
heitKisj
memnet neamd yn 'e Bibel
partner(s)Achinoäm, dochter fan Achimaäs
bernJonatan, Abinadab, Isjbosjet en Malkisjûa, Mearab en Mikal
Bibelske rol
titel / funksje(earste) kening fan Israel
perioade± 1030 - 1010 f.Kr.
bekend fansyn salving troch Samuël; konflikt mei David; dea op Gilboä
neamd yn1 Samuël 9–31;
1 Kroniken 8–10
religieuze tradysjejoadedom; kristendom; islam

Saul (Hebriuwsk: שָׁאוּל, Šāʼûl ; hy, om wa't bean waard) wie de earste kening fan it Feriene Keninkryk fan Israel. It regear fan 'e mankelike kening wurdt datearre yn 'e 11e iuw f.Kr., doe't it stammeferbân fan 'e Israeliten him ûntwikkele ta in naasje. Nei't it folk om in kening frege, waard Saul troch de profeet Samuël ta kening salve. It tiidrek dat Saul regearde waard behearske troch in oanhâldende striid mei de Filistinen.

It hûs fan Saul

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Saul wie de soan fan Kisj út de famylje Matry en hearde by de stamme fan 'e Benjaminiten, ien fan 'e tolve stammen fan Israel. Hy kaam út Gibeä (1 Samuel 10), in plak dat nei alle gedachten likernôch 5 kilometer noardlik fan Jeruzalim lei. Tegearre mei syn frou Achinoäm krige Saul fjouwer soannen (Jonatan, Abinadab, Isjbosjet en Malkisjûa), en twa dochters (Mearab en Mikal). Rispa wie in byfrou fan Saul en krige mei him twa soannen: Armony en Mefibosjet (2 Samuël 21:8).

Saul makke himsels fan kant nei in slach mei de Filistinen op it berchlân Gilboä (1 Samuël 31:3), om't er benaud wie oars yn hannen fan 'e Filistinen te fallen. Trije soannen fan Saul, Jonatan, Abinadab en Malkisjûa, waarden krekt efkes earder by harren flecht troch de Filistinen ynhelle en fermoarde. Saul waard letter begroeven yn Sela yn it lân fan Benjamin.

Saul's soan Isjbosjet folge Saul op as kening fan Israel, wylst David kening fan Juda waard. Mar Isjbosjet's posysje as kening wie net sterk en nei't ek noch ris syn oerbefelhawwer Abner nei it kamp fan David oerrûn, waard Isjbosjet úteinlik ûnthalze troch twa fan syn eigen ofsieren (2 Samuel 4:5). David levere yn ferbân mei in âlde bloedskuld fan Saul de twa soannen fan Saul's byfrou Armoni en Mefibosjet en de fiif soannen fan Saul's dochter Mearab oan 'e Gibeöniten út, dy't se alle sân tagelyk yn Gibeä ophongen (2 Samuël 21:8-9). Saul's dochter Mikal hie gjin bern (2 Samuël 6:23) en de iennige manlike ôfstammeling fan Saul dy't libjen bleau, wie Jonatan's lichaamlik beheinde soan Mefibosjet. Mefibosjet waard net útlevere oan 'e Gibeöniten fanwegen it bûn tusken David en syn heit.

David spilet foar Saul.
(Ernst Josephson)

Saul waard troch de profeet Samuël ta kening salve. Om't de kening de ynstruksjes fan Samuël net opfolge, rekke hy út de geunst by de profeet, dy't him it ein fan syn keningshûs oansei. Dêrnei begjint it ferhaal oer David, dy't troch de profeet salve wurdt as takomstige kening.

Nei't de geast fan God Saul ferlitten hie, krige de kening lest fan depresjes. David moast dan oan it hôf kome om de kening mei de muzyk fan syn harpe rêst te jaan. David befoel Saul wol en frege him as wapendrager te bliuwen en foar him te spyljen as syn mismoedigens wer ris parten spile.

Yn in tiid dat de Israeliten jimmeroan wer striid hienen mei de Filistinen, kamen de Filistinen mei de reus Goliat oansetten om Israel op 'e nij oan te fallen. Goliat buldere om in twastriid tusken him en ien fan 'e Israeliten, dan hoechden de legers net mei inoar te fjochtsjen. De ferliezer bepaalde dan it lot fan it folk, dat dan tenij it folk fan 'e winner tsjinje moast. It is de jonge David dy't it lang om let oandoarde om de twastriid oan te gean. Mei syn slingerstien wist David Goliat op it goede plak te reitsjen, dy't dêrnei dea del foel. David waard yn 'e eagen fan it folk in grutte held en kriget in waarm wolkom fan Israel's froulju, dy't him sjongend yn 'e mjitte kamen mei de wurden "Saul hat tûzenen ferslein, mar David tsientûzen". Dat joech Saul argewaasje en om fan David ôf te kommen betocht er in list: hy bea syn dochter Mearab as frou oan, mar dan soe David yn ruil de oarloggen tsjin de Filistinen oanfiere moatte. Sa hope Saul dat David fansels in kear yn 'e hannen falle soe fan 'e Filistinen. Mar David wie wol wizer en gie net op it útstel fan Saul yn.

De oergeunstige kening moast dan ek noch ferneare dat syn soan in goede freon waard fan David. Hy slette sels in bûn mei David, hold fan him lykas fan himsels en joech him syn militêre klean en wapens. Oant twa kear ta smiet de labile Saul syn spear nei David as dy foar him op de harpet spile. Saul besocht dan nochris mei syn dochter Mikal David der yn te lúzjen. David mocht har ha as er hûndert Filistinen wist te ferslaan en him as breidsskat de foarhûden fan dy Filistinen oerhandige. David akseptearre it oanbod, mar Saul syn opset mislearre: David foel net yn 'e hannen fan 'e Filistinen en brocht Saul yn stee fan hûndert twahûndert foarhûden fan Filistinen, dy't er ferslein hat. Oanslutend troude David mei Saul's dochter Mikal. David waard hieltiten populêrder en Saul syn lilkens jimmeroan grutter. En sels syn eigen bern lieten him raar sitte. As Saul mannen stjoerde om David yn syn eigen hûs te deadzjen, helpt Saul's dochter Mikal David om fuort te kommen. En it is Jonatan, dy't it iepenlik by Saul foar David opnimt en him letter helpt te flechtsjen as it mienens begjint te wurden.

De dea fan kening Saul.
(Elie Marcuse, 1848, Tel Aviv Museum of Art)

Saul jage doe op David, mar it slagge him net om David te gripen. Oant twa kear ta stie de kening foar gek. David wist Saul doe hiel ticht te benaderjen sûnder dat de kening der eat fan ealge. Ienris snie David him in stik fan 'e mantel ôf doe't Saul syn behoefte siet te dwaan yn 'e spelonk dêr't David en syn mannen om húsmannen en harren skûl holden. In oare kear slûpte David Saul's kamp yn en naam doe by in sliepende Saul syn spear en wetterkrúk wei.

It medium fan Endor

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It medium fan Endor lit Samuël foar Saul ferkine.
(Washington Allston, 1820)

Doe't de Filistinen harren wer ris opmakken foar in nije oanfal tsjin Israel waard Saul bang foar de Filistynske legermacht. Yn syn benaudens socht Saul taflecht ta God en de profeten om rie. Mar om't God en de profeten Saul ferlitten hienen, krige hy gjin andert. En de profeet Samuël koe Saul ek net opdrave litte want dy wie yntusken al stoarn. En dus frege Saul syn tsjinners om immen dy't de keunst ferstie om mei deaden prate koe. Sa kaam Saul by de heks fan Endor telâne. Saul hie earder deadebelêzers en wiersizzers ferdreaun en makke him no foar de gelegenheid ûnwerkenber. Saul hiet it frommis om de profeet Samuël op te roppen en doe't Samuël yndied ferskynde, frege Saul him om rie. Mar Samuël werhelle de wurden dy't er by libben al oan Saul foarsein hie: de Heare hie Saul ferlitten fanwegen it net harkjen nei God en dêrom soe Saul syn keninkryk kwyt reitsje oan David. De profeet einige mei de foarsizzing dat de Israeliten de slach mei de Filistinen ferlieze soe en dat Saul en syn soannen oer in dei by Samuël wêze soene (1 Samuël 18).

De dea fan kening Saul

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oare deis krige it Israelityske leger it swier te ferduorjen. De Filistinen wûnen en Saul besocht mei syn soannen út te naaien. Saul's soannen Jonatan, Abinadab en Malkisjûa waarden troch de Filistinen ynhelle en deaslein. Saul wie benaud ek pakt te wurden en die himsels te koart troch yn syn eigen swurd te fallen. Saul waard troch de Filistinen fûn en syn lichem waard fêstspikere oan 'e muorre fan Bet-Sjan en syn holle waard fan 'e iene timpel nei de oare timpel brocht om dêr te pronk te stean. Op in nacht hellen de ynwenners fan Jabesh yn Gileäd de lichems fan Saul en syn soannen fan 'e muorre fan Bet-Sjeän en begroeven se.

Letter liet David de lichems fan Saul en Jonatan en de oaren wer opgrave om se yn Sela yn it grêf fan Saul's heit Kisj by te setten (1 Samuël 31; 2 Samuël 21:12–14).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibelboeken 1 en 2 Samuël

Keningen fan Israel en Juda
Tolvestammeryk (foar de skuorring)

Abimêlek · Saul · Isjbosjet · David · Salomo

Keningen fan Israel (Noardryk)

Jerobeäm I · Nadab · Basa · Ela · Simry · Omry · Achab · Achazja · Joaram · Jehû · Joächaz · Joäsj · Jerobeäm II · Sekarja · Sjallûm · Menachem · Pekachja · Pêkach · Hosjéa

Keningen fan Juda

Rechabeäm · Abía · Asa · Josjafat · Jehoaram · Achazja · Atalja (keninginneJoäsj · Amasja · Oezzia (Azarja) · Jotam · Achaz · Hizkía · Manasse · Amon · Josjía · Joächaz · Jojakim (Eljakim) · Jojakin (Jekonja) · Sedekía (Mattanja)

· · Berjocht bewurkje