Springe nei ynhâld

Jonatan (soan fan Saul)

Ut Wikipedy
Jonatan
Foarstelling fan Jonatan neffens in skilderij fan Frederik Leighton (1868). Op de foarstelling warskôget Jonatan David, dy't him earne yn it fjild skûl hâldt, troch trije pylken te sjitten (1 Samuël 20:35-41). De lichemshâlding fan Jonatan komt oerien mei dy fan Michelangelo's David.
Foarstelling fan Jonatan neffens in skilderij fan Frederik Leighton (1868). Op de foarstelling warskôget Jonatan David, dy't him earne yn it fjild skûl hâldt, troch trije pylken te sjitten (1 Samuël 20:35-41). De lichemshâlding fan Jonatan komt oerien mei dy fan Michelangelo's David.
Persoanlike gegevens
alternative nammenJonathan
ferstoarn± 1010 f.Kr.
stjerplakop 'e berch Gilboä (1 Samuël 31:2)
folkIsraelitysk (stamme fan Benjamin)
Famylje
heitSaul
memAchinoäm, dochter fan Achimaäs
partner(s)net neamd yn 'e Bibel
bernMefibosjet
Bibelske rol
titel / funksjekroanprins fan Israel
rollegerlieder; freon fan David
perioade11e iuw f.Kr.
bekend fansyn freonskip mei David; trou oan it ferbûn
neamd yn1 Samuël 13–31; 2 Samuël 1; 4; 9; 21; 1 Kroniken 8–10
religieuze tradysjejoadedom, kristendom

Jonatan (Hebriuwsk: יוֹנָתָן) is in bibelsk persoan út it Alde Testamint. It wie de soan fan kening Saul, de earste kening fan it Feriene Keninkryk fan Israel. Jonatan hie in tige ynlike bân hie mei David, de lettere twadde kening fan it Feriene Keninkryk fan Israel.

Jonatan as kriichsman

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonatan wurdt foar it earst yn 1 Samuël 13 yn 'e Bibel neamd. Hy hat dan de lieding oer tûzen soldaten en ferslacht in Filistynske wachtpost by de stêd Geba. Yn it folgjende haadstik lit Jonatan nochris in moai staaltsje fan syn moed as kriichsman sjen as er mei help fan God tegearre mei in wapendrager tweintich man fan in Filistynske wachtpost wit te ferslaan, itjinge sa'n grutte panyk ûnder de Filistinen feroarsaket dat hja der fan troch geane.

Om't Saul dan earst alle Filistinen ferslein ha wol, swart er: Ferflokt is dyjinge, dy't foar de jûn ek mar wat te iten nimt. Jonatan wit net fan dy eed en yt hunning en as dat útkomt wol Saul Jonatan neffens foarskrift deadzje. It folk nimt it lykwols foar Jonatan op om't er Israel mei help fan God sa'n grutte oerwinning besoarge hat en Saul lit Jonatan dan libje (1 Samuël 14:45).

Jonatan en David

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonatan spilet in wichtige rol yn it konflikt tusken oan 'e iene kant de mankelike en net súksesfolle kening Saul en oan 'e oare kant de populêre en súksesfolle David. Ta syn grutte frustraasje sjocht Saul dat syn eigen bern, syn soan Jonatan en syn dochter Mikal, David boppe alles leafhawwe. Yn haadstik 18 fan 1 Samuël stiet beskreaun dat Jonatan in ynlike bân mei David fielde en Jonatan David leaf hie as him sels. As Jonatan by Saul pleitet foar David en Saul syn soan begjint te fertinken in gearspanner te wêzen, smyt Saul in spear nei him ta om him te reitsjen. De oergeunst fan Saul op David is dan fanwegen syn militêre súksessen sa grut wurden, dat Saul plannen makket om David te deadzjen. Jonatan warskôget David yntiids en helpt him te flechtsjen. It ôfskie is dan tige leafdefol en beide manlju moatte skrieme (1 Samuël 20:41).

De dea fan Jonatan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de slach yn it berchlân Gilboä mei de Filistinen komt Jonatan, tegearre mei syn heit en twa bruorren, om it libben as se besykje te flechtsjen. Doe't David kund krige fan 'e dea fan Jonatan en Saul, skuorde hy syn klean stikken, stelde hy in fêsteltiid yn en skreau er in kleiliet.

Jonatan hie ien soan, de lichaamlik beheinde Mefibosjet. Yn 2 Samuël 9 ûntfermet David him út leafde foar Jonatan oer Mefibosjet. Hy jout as kening alle grûnbesit fan Saul oan Mefibosjet en stiet him ta regelmjittich mei de kening te iten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibelboeken 1 en 2 Samuël