Springe nei ynhâld

Mikal (bibelsk persoan)

Ut Wikipedy
Mikal
Mikal sjocht mei oare froulju minachtsjend ta it finster út nei de dûnsjende David  James Tissot (1836-1902)
Mikal sjocht mei oare froulju minachtsjend ta it finster út nei de dûnsjende David
James Tissot (1836-1902)
Persoanlike gegevens
alternative nammenMichal
bernenet neamd yn 'e Bibel
berteplakûnwis; wierskynlik Gibeä
folkIsraelitysk (stamme fan Benjamin)
Famylje
heitSaul fan Israel
memAchinoäm, dochter fan Achimaäs
partner(s)David fan Israel; Palty
berngjin (2 Samuël 6:23)
Bibelske rol
titel / funksjeprinsesse fan Israel
roldochter fan Saul; frou fan David
perioadeiere monargy
bekend fanhar houlik mei David; rêding fan David; konflikt oer de arke
neamd yn1 Samuël 18–25; 2 Samuël 3; 6; 21
religieuze tradysjejoadedom; kristendom; islam

Mikal wie yn it Alde Testamint de dochter fan kening Saul, dy't troude mei David, de opfolger fan har heit.

David soe mei Saul's dochter Mearab trouwe, mar hja waard oan in oar jûn. Har suster Mikal woe ek wol mei David trouwe. De erchtinkende Saul, dy't David net lije mocht en him der fan fertocht op 'e troan út te wêzen, seach dêr in gelegenheid yn mei David ôf te weven. Saul stelde David út dat er Mikal ha mocht op ien betingst, nammentlik dat er Saul de foarhûden fan hûndert fermoarde Filistinen bringe soe. De kening hie der op rekkene dat David dat nea oerlibje koe, mar yn stee fan hûndert brocht David Saul twahûndert foarhûden en Saul koe der net mear ûnder út om syn dochter oan David wei te jaan.

Saul wie lykwols fêst fan doel om David om te bringen en hy joech syn mannen opdracht om syn plannen út te fieren. Mar Mikal warskôge David yntiids en holp David út te piken troch in tou út it finster fan it hûs út te hingjen. Nei't David nei ûnder klommen wie, loek hja it tou omheech. Hja lei in ôfgodsbyld yn it bêd en makke de soldaten wiis dat David dêr siik lei. Mar Mikal slagge net yn har opset en moast har by har heit ferantwurdzje, dy't har tabiet dat hja syn fijân holpen hie. Mikal ferdigene har troch te leagenjen dat David har bedrige hie te deadzjen as hja him net helpe soe.

Wylst David op e flecht wie joech Saul syn dochter Mikal oan Palty (ek Paltiël), in Benjaminyt út Gallim. Nei't Saul ferstoar easke David, no as kening fan Juda, Mikal werom. Op Mikal's reis nei David folge Palty har gûlend, oant er fuortstjoerd waard.

In hiel skoft letter, doe't David de Arke fan it Ferbûn nei Jeruzalim brocht, seach Mikal út it finster op 'e optocht del. En hja seach ta har ôfgrizen David neaken foar de Arke dûnsjen. Doe't David thús kaam, smiet hja him foar de fuotten dat er him as in healwize gedroegen hie. David en Mikal dielden net mear it bêd meiïnoar en hja krigen gjin bern.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: