Twadde Brief oan de Korintiërs
Twadde Brief oan de Korintiërs | ||
Papyrus 46, ien fan 'e âldste nijtestamintyske papyry, mei de tekst fan 2 Korintiërs 11:33-12:9. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Β' Επιστολή προς Κορινθιους ("Bēta Epistoli pros Korinthious") | |
auteur | Paulus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ±57 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Earste Brief oan de Korintiërs | |
● folgjend diel | Brief oan de Galatiërs | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Twadde Brief oan de Korintiërs | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
It Twadde Brief oan de Korintiërs, yn it oarspronklike Gryksk: Β' Επιστολή προς Κορινθιους, Bēta Epistoli pros Korinthious, ek wol koartwei 2 Korintiërs neamd, is it achtste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de trêde fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, wurdt suver nea yn 'e kiif steld, al neamt er sels yn 'e ynlieding Timóteüs as mei-skriuwer. 2 Korintiërs waard om it jier 57 hinne skreaun yn Masedoanje, mei as doel om 'e kristlike gemeente yn it Grykske Korinte, dy't Paulus sels stifte hie (sjoch: Hannelingen 18:1-17) op it rjochte paad te hâlden. De earste folsleine Fryske oersetting fan 2 Korintiërs stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.
Unienichheid oer gearstalling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestiet ûnder bibelwittenskippers en teologen ûnienichheid oer de fraach oft 2 Korintiërs yn 'e oarspronklike foarm oerlevere is, of dat de nijtestamintyske tekst in gearfoeging is fan twa ûnderskate brieven fan Paulus. Yn 2 Kor. 2:4 en 7:8-9 wurdt nammentlik ferwiisd nei in oar brief oan 'e Korintiërs, dat gauris it Strange Brief of it Brief fan de Triennen neamd wurdt. Yn 'e regel giet men derfan út dat dit brief ferlern gien is, mar de abrupte feroaring fan toan fan gemoedlik yn 2 Kor. 1-9 nei bittere beskrobjend yn 2 Kor. 10-13 hat makke dat guon saakkundigen har ôffrege hawwe oft it Strange Brief net efteroan 2 Korintiërs taheakke is.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]2 Korintiërs giet fierhinne oer Paulus syn ferdigening fan syn apostel-wêzen, dat blykber troch guon yn 'e kiif steld wie. Hy giet dêrby yn op 'e maatskiplike, religieuze en ekonomyske tastân yn Korinte, en it brief is dan ek wat betiizjend as men net goed op 'e hichte is fan 'e pleatslike sitewaasje. Ut 'e tekst docht bliken dat Paulus, nei't er syn Earste Brief oan de Korintiërs út it Lytsaziatyske Efeze wei skreaun hie, de stêd noch in kear persoanlik besocht hat. Dat besyk is blykber mank gien mei frijwat opskuor en rûzje, en Paulus skynt wer nei Efeze ôfset te wêzen sûnder dat it spul út 'e wei holpen wie. Ut Efeze wei skreau er doe syn Strange Brief, wêryn't er de flier oanfage mei syn tsjinstanners. Letter stjoerde er syn meiwurker Titus nei Korinte ta om te sjen oft dy de saak delbêdzje koe. Se hiene ôfpraat om inoar yn Troäs wer te treffen, mar Paulus siet bot yn oer de Korintyske gemeente, dat hy wie Titus yn 'e mjitte reizge nei Masedoanje.
Nei de iepeningsgroetnis en ynlieding (2 Kor. 1:1-11) ferwart Paulus him yn 2 Korintiërs nochris op 'e nij tsjin 'e beskuldigings dy't tsjin him ynbrocht binne en it ûnrjocht dat him troch guon leden fan 'e Korintyske gemeente oandien is (2 Kor. 1:12-2:17). Hy ferdigenet syn apostel-wêzen en fersmyt it ferwyt fan ûnbetrouberens. Dêrnei giet er wiidweidich yn op wat syn apostel-wêzen foar him betsjut en wat it foar oaren betsjutte moatte soe (2 Kor. 3:1-6:13). As er dat ienris nei syn tefredenens útlein hat, besiket er ta fermoedsoening te kommen mei de Korintiërs (2 Kor. 6:14-7:16). Dan snijt er in hiel oar ûnderwerp oan: de kollekte foar de earmoedige kristlike gemeente fan Jeruzalim (2 Kor. 8-9). Mar dêrnei feroaret er ynienen fan toan en falt er syn tsjinstanners fûleindich oan, neamt harren falske apostels en feecht de gemeente as gehiel de mantel út om't dy't sokken as leden ferneart (2 Kor. 10:1-13:10). It brief einiget mei in freonlike groetnis en in seiniging (2 Kor. 13:11-13).
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. oersettingsfragminten fan eigen hân fan 2 Kor. 4:16-18 en 5:1-7 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan 2 Korintiërs stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 2 Korintiërs waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. J.H. Brouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |